Marcel Kapteijn & Boelo Klat @ De Wier yn Koarnjum op sneon 25 septimber

septimber 17, 2021 08:38 Fernijd

Marcel Kapteijn (sang/gitaar) en Boelo Klat (piano) hawwe inoar yn 2018 muzikaal fûn yn in muzykprogramma dêr’t solo- en duokomposysjes in grutte rol yn spilen. Op sneontejûn 25 septimber treedt it duo op yn De Wier yn Koarnjum mei in mjuks fan yntime ferskes, jazz en rauwe blues, û.o. fan Magnolia, it nije album fan beide muzikanten, en fan Kapteijn syn solo-cd The Man I Am.

Foto: ©Bob de Boer Produkties

Boarne: Bob de Boer

Sjonger Marcel Kapteijn waard wrâldferneamd mei de band Ten Sharp (mei û.o. Niels Hermes). De prachtige single ‘You’ út 1991 waard in regelrjochte wrâldhit. It is noch hieltyd wrâldwiid op ’e radio te hearren. Yn de band spilen eartiids ek Hubert Heeringa en Jelle Sieswerda. Tsjintwurdich makket er furoare mei syn groep Marcel Kapteijn & The Raindogs. Syn solo-cd The Man I Am waard loovjend ûntfongen.

Pianist Boelo Klat ûntwikkele him ek as komponist. Mei syn trio Klatwerk3 kriget er loovjende resinsjes. Hy is mearsidich, syn komposysjes reitsje de pop, jazz, klassyk, minimal music en wrâldmuzyk. In protte klam leit op de krêft fan ienfâld. De parse skriuwt oer him: ‘Klat’s kompoysjes fariearje fan trochtocht ta útlitten en klinke soms sa fanselssprekkend dat men tinkt se al earder heard te hawwen. Unmooglik, mar dat karakterisearret ûnferbidlik it fakmanskip dat him eigen is.’ Klatwerk3 sil heal oktober de studio yn foar it opnimmen fan syn sechsde cd mei de titel Space Age Suite.

Marcel Kapteijn & Boelo Klat @ De Wier, Koarnjum
Sneontejûn 25 septimber 2021, 20.00 oere (doar iepen 19.30 oere)
Yntree € 19,- d.p., kofje/tee by it oankommen en wat lekkers ynbegrepen
De Wier 5-7, 9056 PM Koarnjum

Tagong inkeld nei oanmelding fia bobdeboer@pinupsanddowns.com of fia 06 – 54763154.

septimber 17, 2021 08:38 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.