Lytse Pier fan it Skoar (ferhaal)

septimber 11, 2021 07:00

Lytse Pier fan it Skoar

Pier sjocht de grize stikken boulân en skiergrize greiden foar him. It lân is hurd fan de drûge waarperioaden dy’t west ha. Begjin septimber alwer. Hy stiet wat te stoareagjen op ’e seedyk. Sjocht it gea oer en dan wer nei it Waad, mei oan de kimen It Amelân en Skier. It prachtige eilânkeatling foar de fêste wâl. Mei it Waad as wrâlderfgoed. Ja ja… Yn ’e fierte sjocht er de pier nei It Amelân. Part fan de libbensier nei it eilân. Hy moat oan syn jeugdjierren tinke. Mei moai waar hjir nei see. In fleske dropwetter mei en dan swimme yn de see, oan ’e ein fan it balstiennen dykje. Hy hie him in pear wike lyn foarnommen en skriuw in moai sfearferhaal oer it Waad en de eilannen, en hoe’t it fêstelân histoarysk sa goed paste by dy eilannen. It moast mar wachtsje nei wat er no yn ’e krante lêzen hie. Hoewol… oer tsien jier koe it Waad mei de eilannen wol in dea rampgebiet wêze! It lêzen fan de kop yn ’e krante hie by him in flokwurd ûntlokke.

It Skoar ûnder Ternaard mei sicht op it Waad (foto © Remco de Vries)

Dit wie it gea dêr’t er hikke en tein wie. De Dongeradielen mei it Waad en sicht op de eilannen. Hy hold mei hert en siel fan de streek. Tsja, nei in tiid fuort west te hawwen wie er hjir úteinlik wer delstrutsen. In âlde klinte ûnder oan ’e dyk op it Skoar hie er keapje kinnen. Dy hie er mei syn freondinne wat opknapt. In putsjeman hie it dak en noch wat lestige dingen dien. Beide wiene se mei in bytsje tefreden.

De paradyslike bylden fan foarhinne wiene hjir no skeind, as je seagen nei de kontoeren fan dat grutte boarplatfoarm dêrearne yn de Noardsee fansiden It Amelân. In pear nachten lyn hie hy dêr wer oer dreamd… Hy hie it dy moarns betiid fuort mar yn grutte halen op de pc úttikke, oars wie er it wer út syn ûnthâld.

Unfoarstelber dom

Dûm wie er opnij wurden doe’t er op 28 augustus yn de Ljouwerter op de foarpagina lies dat de minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat (!) de NAM tastimming jûn hie om hjir by Ternaard mei gaswinning te begjinnen… Wat in steltsje skobbejakken dêr yn De Haach. Domwei alle rapporten negearje, fan de Waadferiening, it IPPC-rapport, de negative advizen fan de Provinsje, de gemeente en de befolking. Je hoegden net polityk links te wêzen om dat beslút as in domme en minne streek te betiteljen. Wylst de oerheden moaie kampanjes fierden om de minsken te bekearen om fan it gas ôf te gean, woene se no noch efkes miljoenen kubike meter gas hjir út de grûn oppompe. En wêrfoar? De NAM soe it fansels ferkeapje. Grûnfersakkingen, ierdbevingen…? It foel allegear wol wat ta, seine de ligers by de NAM. De minister koe net oars, sei er… Alles foar in fergunning foel binnen de kaders fan de wetlike noarmen en prosedueren, hie dy skreaun. Dus! Godfer…. En dan wie dat ek noch efkes ferpankoeke troch in demisjonêr kabinet. Dy minister wie fansels fan de VVD. Ekonomyske needsaaklik, hie er sein. Yn Grinslân holden se op mei de winning…, dat sadwaande. Dy lju wiene wol koartebaanriders, oars diene se soks net mear as se fierder seagen as harren noas lang wie. De NAM de winst, de boargers de lêsten.

Aksje fiere, stikken yn ’e krante skriuwe? Net wer! Hy wist by ûnderfining dat it gjin donder joech. En… , lykas Grutte Pier ea yn fyftjinhûndert safolle ûnderfûn hie, wa’t de macht hie wûn. Revolúsje, eins wie it needsaaklik, mar hy hie de moed opjûn. It measte fan wêr’t er himsels goed tritich jier yn bejûn hie wist er noch presys.

Sabotaazje

Wat hiene se by de gemeente en de NAM benaud west doe’t er ein 1990 yn ’e gaten krige dat se in proefboarring dwaan woene en hy oan ’e bel luts. Ja, ho, dat koe samar net. Der wiene wetlike noarmen en… wêr’t er him soargen oer makke, ek yn de Dongeradielen soene dan ierdbevingen komme. Yn dy tiid mienden se by de NAM dat se dwaan koene wat se woene. Mar ek doe, hoewol net sa dúdlik by de gemeente en de boargers, wiene der foar in proefboarring fergunningen nedich. Yn 1991 wiene se stikem begûn. Flak efter it boerespul Ydlaard by Ternaard. In terrein fan wol oardel fuotbalfjild waard as platfoarm ynrjochte. Hy wist dóé al fan de gefaren fan gaswinning. Hy lies dóé al stikken, u.o. yn de NRC, dêr’t de geolooch dr. Van der Sluis yn bewearde dat it gasfjild by Slochteren ierdbevingen meibringe soe. Dêr soene de gefolgen fan fersâlting fan it grûnwetter en it sakjen fan de boaiem noch bykomme. Hy basearre him op wittenskiplike feiten. En ferdomd, ein 1991 kaam de earste beving by Middelstum.

Hy hie doe syn stunt al úthelle, datselde jier. Wat hiene se beard. Sabotaazje neamden se it. Hy hie op in nacht, doe’t se by de Koaiwei oan it Skoar drok oan it boarjen wiene, in gat knipt yn it gaasstek dat om de lokaasje hinne stie. En doe nei de administraasjekeet. Dêr hie er steapels papier weiraamd en yn in meinommen plestikpûde dien. Thús hie er dy ferbaarnd. Nei plysjeûndersyk wiene se by him terjochte kommen. Hoe’t dat kinnen hie? Hy wist it net, of eins ek wol. In jier dêrfoar hie er ommers stikjes yn de Dokkumer Courant skreaun. Te gek foar wurden eins, dat er as in krimineel behannele wie. Hy hie ek mar net ûntkend. Hy krige in swiere selstraf. Twa jier de bak yn. En dat foar it weigriemen fan wat ûnnoazele papieren! Mar guon seagen it as in died fan befrijing en beskerming fan harren libbensomjouwing. Te min om massaal yn beweging te kommen. Der moasten earst deaden falle. Doe… en noch altyd, gie dat sa.

Sels, sa hie er fan guon minsken heard, waard er yn Ternaard ein tachtiger jierren wol ‘lytse Pier’ neamd. Yn de wykeinen, as er gjin kolleezjes rûn yn Grins, wenne er yn dy tiid by syn mem oan it Skoar by Ternaard, op Gjetsjetille. Hy wie in bûtenminske en hold fan it Waad. Yn syn frije tiid strúnde er graach by de see en op de kwelders om. Doe al baaide er allinne nei de eilannen troch de slinken. Hy wist wêr’t er it paad rinne koe. Hy hie wol in aardige algemiene oplieding hân. Earst de mavo, doe ek noch it vwo en dêrnei Grins, dêr’t er begûn wie mei skiednis en filosofy.

Sa’t er dêr stie te sjen en de tinzen fan doe him wer yn it sin kamen, kaam de filosoof yn him nei boppen. It Amelân lei der sa freedsum. It eilân wist noch net wat it bedrige. It soe skrieme. Dat minsken it, en harsels, nei de bliksem helpe soene. Foar in pear sinten dy’t yn de bûsen fan ynklauwers terjochte kamen. De natuer soe ûnferbidlik weromslaan. Fan dy klappen soene de minsken net werom ha. Mar minsken wiene dochs net skepen om inoar klappen te jaan? De ierde te fernielen?

As je bedrige waarden yn wat je leaf hiene, dan wie ferset mei wurden ít oanwiisde wapen, oft je no grutte of lytse Pier neamd waarden. As je mûledea makke waarden, troch lju dy’t foar eigenbelang giene, dan wie de bêste wei om, op in freedsume wize, mei arguminten, dy minsken ta it ynsjoch te bringen dat harren dwaan en litten úteinlik op ellinde en dea útrûn. Frij yn jinsels wurde. Dat joech libben.

Joute de Graaf (âld-Ternaarder)

Topografysk kaartsje fan Ternaard en omkriten út atlas Eekhoff 1849-1859.
Boppe-oan de seedyk. By de reade stjer de boarlokaasje 1990, dy’t mooglik wer brûkt wurdt.

septimber 11, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.