Ljouwert makket gading nei Europeeske ynnovaasjetitel

septimber 10, 2021 08:44

De gemeente Ljouwert makket it foar twadde jier kâns om in Europeeske ynnovaasjetitel yn ’e wacht te slepen. Mei in oanbod dat him rjochtet op de ynnovaasjekrêft fan Ljouwert yn wettertechnology, heart de stêd ta de lêste acht finalisten om European Rising Innovative City 2021 te wurden.

De Wetterkampus yn Ljouwert (foto: Wikipedia/Gouwenaar – lisinsje CC BY-SA 4.0)

Dat is in titel dy’t ien kear jiers troch de Europeeske Kommisje oan de meast ynnovative middelgrutte stêd fan Europa jûn wurdt. By de titel heart in priis fan € 500.000. De winner wurdt by de European Innovation Council Summit op 24 en 25 novimber 2021 bekendmakke.

De Ljouwerter ynnovaasjekrêft giet lykop mei de oanwêzigens fan de ferskate kampussen. Neist de SuvelKampus, EnerzjyKampus en de oankommende Media- en YnnovaasjeKampus, komme in protte fan de Ljouwerter ynnovaasjes fan de WetterKampus. Op de WetterKampus wurkje Wetsus, CEW en de WetterAlliânsje gear mei bedriuwen, ûndersikers, studinten en oerheden om baanbrekkende ynnovaasjes op it mêd fan wettertechnology te ûntwikkeljen.

Dy ynnovaasjes, dy’t faak de hiele wrâld oergean, drage net allinnich by oan bettere wetterkwaliteit, mar fasilitearje faak ek de ferduorsuming fan oare sektoaren. Tink oan de lânbou, enerzjysektor of sûnenssoarch. Troch mei oare sektoaren en ynnovators gear te wurkjen yn ferbannen as YnnovaasjePakt Fryslân ûntstean ynnnovaasjes dy’t bygelyks helpe om de molkeproduksje te ferduorsumjen (Wafilin Systems) of enerzjy te winnen troch elektrodialyze fan swiet en sâlt wetter (REDstack). Op dy wize komt de Ljouwerter histoaryske relaasje mei (en spesjalisaasje yn) wetter faak werom yn ynnovaasjes yn ûnderskate sektoaren.

Yn gearwurking mei de regio, dy’t faak as proeftún foar Ljouwerter ynnovaasjes funksjonearret, wol Gemeente Ljouwert yn de kommende jierren syn ynnovaasjekrêft yn wettertechnology trochbrûke om in duorsume, skjinne en lokkige regio te realisearjen, de saneamde Blue Delta.

septimber 10, 2021 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.