Lemster Slûs wint It Gouden Haske

septimber 13, 2021 09:30

Op freed 10 septimber is It Gouden Haske, de priis foar it moaiste monumint fan De Fryske Marren, takend oan de Lemster Slûs. It slûskompleks waard oan ’e ein fan de 19e iuw as seeslûs boud, mar funksjonearret no foaral foar de rekreaasjefeart. De útrikking wie yn De Oerdracht op ’e Jouwer by in spesjaal sympoasium ta gelegenheid fan it tsienjierrich jubileum fan de Wurkgroep Kultuerhistoarysk Erfgoed De Fryske Marren.

Foto: Wurkgroep Kultuerhistoarysk Erfgoed De Fryske Marren

De wurkgroep spant him al tsien jier yn om in moai programma foar de Iepen Monumintedei oan te bieden. It útgongspunt dêrby is de skat oan monuminten yn De Fryske Marren ûnder it omtinken fan in breed publyk te bringen.

Sûnt 2017 organisearret de wurkgroep ek it oanwizen fan it moaiste monumint fan it jier. Troch fertsjintwurdigers fan de boargers en de leden fan de wurkgroep wurde Ryks- en gemeentlike monuminten neamd dy’t fan grutte wearde achte wurde. Dit jier waarden der 22 monuminten oandroegen. In sjuery ûnder foarsitterskip fan Wytze Bouma krige de opdracht om út dat oanbod ien te kiezen dêr’t it keunstwurk It Gouden Haske, makke troch Bram de Smit, oan takend wurde koe.

Foto: Wurkgroep Kultuerhistoarysk Erfgoed De Fryske Marren

Sjuerylid Frank Terpstra presintearre alle nominearre projekten en makke de winner bekend. Troch Johan Heegsma waard de priis oerlange oan de wethâlders De Jong en Veltman en Piet Zantman as fertsjintwurdiger fan de eigner, gemeente De Fryske Marren en de Lemster mienskip. It Gouden Haske kriget in plakje yn it Lemster Museum.

Nei de útrikking waard de Iepen Monumintedei 2021 troch wethâlder Roel de Jong iepene.

Foto: Wurkgroep Kultuerhistoarysk Erfgoed De Fryske Marren

septimber 13, 2021 09:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lb septimber 14, 09:36

    Ai, spitich fan dy skriuwflaters (yn de ynskripsje).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.