‘Langstme’, de Tredde Triënnale fan Beetstersweach

septimber 16, 2021 08:23

Tusken 10 en 19 septimber organisearret Keunsthûs SYB foar de tredde kear in keunstrûte mei bysûnder wurk fan eardere gastkeunstners op ûngewoane lokaasjes yn Beetstersweach.

Data: 17/18/19 septimber 2021
Startlokaasje: Keunsthûs SYB, Haadstrjitte 70, Beetstersweach
Kaarten: € 5 / € 2 (ynwenners Opsterlân)

Kaarten reservearje.

Boarne: Keunsthûs SYB

Dielnimmende keunstners
Maarten Bel; Jasper Coppes; Monique Duurvoort; Caz Egelie en Jesse Strikwerda; Halla Einarsdóttir; Laurent-David Garnier; Janne van Gilst; Seán Hannan; Anna Hoetjes; Ash Kilmartin; Inge Meijer; Onkruidenier; Sara Postolle, Nicole Kuiper & Martijn de Geele; Sissel Marie Tonn; Lotte van der Woude.

De Triënnale Langstme is in keunstrûte by ûngebrûklike tentoanstellingslokaasjes op ’e Sweach lâns mei fideokeunstwurken, skulptueren, fotografy en foarstellings. Achttjin keunstners ferbleauwen de ôfrûne jierren yn Keunsthûs SYB om harren wurk fierder te ûntwikkeljen. Sy komme no werom en litte it resultaat fan harren ferbliuw en wurkperioade yn SYB sjen op lokaasjes lykas Ons Huis, De Buorskip, Studio Wansleeben en ekologyske boerepleats Rûn Libben en Grûn (oan ’e Gordyksterwei).

In pear (eardere) studinten fan Academie Minerva komme ek werom; Sara Postolle, Nicole Kuiper & Martijn de Geele diene de ôfrûne jierren mei oan de tradisjonele SYB X Minerva 24-oereresidinsjes en drage no by oan de Triënnale. Dêrnjonken is it refleksjeprogram SYB Circles fan ’t jier ferantwurdlik foar in rige koarte podcasts dy’t út ’e Sweach wei útstjoerd wurde sille. Yn de sneinoer 17–19 septimber wurdt in oanfoljend performanceprogramma organisearre mei wurk fan Maarten Bel, Onkruidenier en de alumny fan Minerva.

Langstme
Nei oardel jier sûnder moetings en dielnimmen oan it kulturele libben wol Keunsthûs SYB mei de tredde Triënnale temjitte komme oan it ferlet ûnder keunstners en keunstpublyk om inoar te moetsjen, keunst te sjen en nije útwikselings oan te gean. Fan ’t jier is it tema dêrom Langstme, om dat ferlet te ûnderstreekjen.

De Triënnale is de trijde dagen iepen tusken 12.00 en 18.00 oere. Kaartferkeap is oan ’e doar, mar yn ferbân mei de jildende koroana-feilichheidsmaatregels wurdt besikers frege it tagongsbewiis te reservearjen fia dizze keppeling.

De Triënnale fan Beetstersweach
It is de tredde edysje fan de Triënnale fan Beetstersweach. Yn 2015 waard úteinset mei ‘Sfear fan Ynset’. De twadde wie yn 2018, dy’t ûnder de titel ‘Almende’ by Ljouwert-Fryslân 2018 en it tema ‘iepen mienskip’ oanheakke. Mei de tredde set it keunsthûs him wer yn om in ferskaat oan artistike posysjes en keunstwurken fan de eardere residinten te toanen.

It projekt wurdt mei mooglik makke troch it Mondriaan Fonds, Provinsje Fryslân, Van Teyensfundatie, it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân en de gemeente Opsterlân.

septimber 16, 2021 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.