Kultuerkollektyf lansearre by Broeikas Festival

septimber 14, 2021 08:52

Op sneon 11 septimber waard foarôfgeand oan de start fan it Broeikas Festival it nije Kultuerkollektyf lansearre yn de Westertsjerke yn Ljouwert. It Kultuerkollektyf ferbynt sân produksjekearnen yn Fryslân: Popfabryk, VHDG, New Noardic Wave, Tryater, LF2028, Keunstwurk en Explore the North, en stipet ynterdissiplinêre makkers yn harren artistike ûntjouwing.

Foto: Denise Janssens

Hieltyd mear makkers sykje de gearwurking en ynteraksje mei oare dissiplines út harren eigen artistike eftergrûn wei. Dat freget om oare beoardielingskritearia, spilet mei de ferwachting fan it publyk en bart net fanselssprekkend op in poppoadium of yn in teaterseal. It útgongspunt fan it Kultuerkollektyf is it útwikseljen fan kennis, ûnderfining en netwurk en it oangean fan koälysjes om de makkers hinne. Dêrneist organisearret en fasilitearret it Kultuerkollektyf kwaliteitsbefoardering en moetingsmominten.

De lansearring
By de lansearring waard in panel holden dêr’t Eva van Netten (Welcome to the Village), Tatiana Pratley (Tryater), Mark Hospers (Explore the North), Peter Dijkstra (VERA), Laurens van der Meulen (Platfoarm Popkultuer Fryslân), Hein Kuiken (Gemeente Ljouwert) en Femke Haijtema (Frysk Museum) mei it publyk yn petear giene oer gearwurkingsmooglikheden yn de kultuersektor yn Ljouwert en Fryslân. Nei ôfrin waard troch alle oanwêzigen proaste op it lansearjen fan it Kultuerkollektyf.

Tongersdei Makkersdei
Fan ein 2021 ôf kriget it fysike moetingsplak fan it Kultuerkollektyf, Tongersdei Makkersdei, foarm as proefprojekt. Alle tongersdeis fan 12.00 oant 17.00 oere is der in ko-wurkromte foar Fryske makkers mei help, treast, ynspiraasje, moeting, tostys en swarte kofje. Der is in fraach- en oanbodmuorre, lykas yn ’e supermerk. Op dy muorre meie makkers oanjaan wat se besprekke of presintearje wolle en kinne se harsenskrabberijen inisjearje.

Kultuerjûn
Ien kear yn ’e moanne feroaret de ko-wurkromte fan 17.00 oere ôf yn in Kultuerjûn: in netwurkmomint mei in buorrel en in poadium. De Kultuerjûn is tagonklik foar elkenien, fan studint oant profesjoneel keunstner. Eltse Kultuerjûn wurdt troch in oare kulturele ynstelling presintearre.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it Kultuerkollektyf op www.kultuerkollektyf.nl.

septimber 14, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.