Koreäútstalling yn Prinsessehof op iepeningsdei fergees te besytsjen
Resint ferskynd
De grutte útstalling Koreä. Poarte nei in ryk ferline yn it Prinsessehof yn Ljouwert wurdt sneon 16 oktober iepene. Om de iepeningsdei te fieren, en elkenien de mooglikheid te bieden om de útstalling te besjen, is museumyntree dy deis fergees. Dy sneons is it ekstra feestlik yn it museum mei wurkateliers, Koreaanske hapkes en muzyk fan ferneamd selliste Amber Docters van Leeuwen. De yntree is fergees, mar der is mar in beheind tal kaarten beskikber. Reservearje kin fia www.princessehof.nl.
De teesalon fan it museum wurdt sneon 16 oktober oernommen troch Annejil Suk fan Seoulmates. Hja servearret dêr typysk Koreaanske hapkes. Om 13.15 oere jout konservator Eline van den Berg in rûnlieding troch de nije útstalling. De hiele middei is der in ynstapwurkatelier pottedraaien troch Lies Keramiek.
Koreä. Poarte nei in ryk ferline
Tsjintwurdich kenne wy Koreä fan merken as Samsung en Kia, de populariteit fan K-Popbands lykas BTS, de Koreaanske keuken en de Oscarwinnende film Parasite. Mei de grutte Koreäútstalling dûkt it Prinsessehof yn de kultuerskiednis fan dat bysûndere lân, oan de hân fan de keramyk dy’t yn Koreä sa mei de tradysjes ferweve is. Topstikken út it National Museum of Korea yn Seoul komme foar it earst nei Nederlân. Fan betsjoenend seladon út de Goryeodynasty en in moon jar út de Joseonrite oant muzykynstruminten en kostúms fan it Gugak Centre yn Seoul en Museum Volkenkunde yn Leien.
It Prinsessehof toant ek opfallend wurk fan trije hjoeddeiske Súd-Koreaanske keunstners: Yee Sookyung (1963), Juree Kim (1980) en Kyung-Jin Cho (1987). By de útstalling heart in wiidweidich aktiviteiteprogramma mei lêzingen fan de konservator, praatsjo’s dêr’t de aktualiteit fan Noard- en Súd-Koreä yn bepraat wurdt, wurkateliers en in bûtenbioskoop. En Miss Podcast Mischa Blok makket in spesjale podcast by de útstalling.
Sjoch op de webside www.princessehof.nl foar mear ynformaasje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje