Kommissaris Brok langet lespakket ‘Pake syn skûtsje’ oer

septimber 18, 2021 08:57

Skûtsjesilen gie dan wol net troch, dochs hat skûtsjeleafhawwend Fryslân net stilsitten. ‘Pake syn skûtsje’ is klear, in fergees lespakket foar groep 1 o/m 8. Dêrmei wurdt in unyk stikje Fryske kultuerhistoarje oan folgjende generaasjes trochjûn. Op sneon 25 septimber, by de jubileumedysje fan it SKS/IFKS-jeugdsilen yn Grou, langet kommissaris fan de Kening Arno Brok it lespakket oer oan dielnimmende bern. It is sûnt dizze moanne te boeken.

Foto: Jan Tijsma

Ofbylding: Stifting Erfgoed & Publyk/Museumfederaasje Fryslân

De titel fan it lespakket ferwiist nei de ferhalen oer it libben op skûtsjes, dy’t fan generaasjes op generaasjes gean. Se begjinne steefêst mei ‘myn pake hie in skûtsje’. Mei it lesprogramma komme bern fan alle kanten mei skûtsjes yn ’e kunde: fan de bou en eigenskippen, it frachtferfier en it eardere, faak swiere libben oan board, oant de wedstriden fan no. Yn fjouwer lessen yn ’e klasse en ien op in skûtsje wurde ûnderwerpen behannele dy’t mei kultuerhistoarje, natuer, technyk en romte te krijen hawwe.

Fergees lesmateriaal
Lesjouwers kinne it lesmateriaal fergees delhelje fia www.erfgoed-onderwijs.frl/skutsjes. It bestiet út ûnder mear in wurkboekje, dosintehantlieding, prezi’s en fideo’s. By trije Fryske musea is in les op in skûtsje te boeken, dy leverje ek de (opsjonele) fysike leskiste. Op neamde webside is ek in fideoboadskip te sjen fan skûtsjeskippers Harmen Brouwer en Sytze Brouwer, rjochte oan alle basisskoallen.

Inisjatyf fan skûtsjeleavjend Fryslân
Lespakket ‘Pake syn skûtsje’ is in inisjatyf fan Stichting foar de Neiteam, it Skûtsjemuseum, Frysk Skipfeartmuseum en Sport Fryslân, yn gearwurking mei Museum Dokkum. It programma wurdt stipe troch de SKS en IFKS, finansjeel mooglik makke troch Provinsje Fryslân, Rabobank en Fryslân Fart, en is ûntwikkele troch edukatoaren fan Stifting Erfgoed & Publyk.

Besjoch de trailer fan it lesprogramma:

septimber 18, 2021 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.