Koen de Kangeroe (gedicht)
Resint ferskynd
Koen de Kangeroe
Hinne en wer,
hippe fan hot nei her.
‘Wat ha ik wat sjoen’
fertelde kangeroe Koen.
Fjouwer wike op reis,
18 oeren deis.
Nei doarpen en stêden,
der wie fan alles te rêden.
Winkels en terrassen,
fabriken en blommekassen.
Museums en toaniel,
rein en sinnestriel.
Sliepe moast er ek fansels,
dat die er yn B&B’s of hotels.
Moarns aaien mei spek,
it wetter rûn him der fan yn de bek.
Tige nei’t sin, hat er it hân,
yn it prachtige Nederlân.
Syn reis hie wol in sneu ein,
want de lêste dei hat in bûsehifker syn slach slein.
Folkje Koster
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje