Koarte beredenearre bibliografy

septimber 26, 2021 07:00 Fernijd

Wat hjiroan foarôf gie: De earste kristenen en Menno Simons | It Nijs

In programmatyske ynlieding

troch Boaz Harmsen en Eric Hoekstra

Koarte beredenearre bibliografy (Seksje 5)

Menno Simons

boarne: Unsplash

Der hat in protte histoarysk ûndersyk west nei de materiële skiednis fan de dopersken en nei it libben fan Menno Simons, mar dat giet foar it grutste part mei blynkapen op foarby oan it wichtichste: syn leauwe en syn ideeën. Wat ek opfalt, is dat doperske gelearden faak net iens ynsjogge dat wat hja “in miening fan Menno” neame, gewoan yn it Nije Testamint te lêzen is. Dat is nei alle gedachten ek wer it gefolch fan frijsinnichheid, dy’t fan alles in yndividuele miening makket en it Nije Testamint net serieus nimt en amper ken. De wichtichste publikaasjes binne no de neikommende:

* Dat Fundament des Christelycken Leers. 1967.
H. W. Meihuizen (Martinus Nijhoff, Den Haag. Gjin ISBN.

Dy edysje is brûkt foar de oersetting dy’t hjir makke is. Dy befettet ek ferwizingen nei alle plakken yn ’e Bibel dêr’t Menno nei ferwiist. Dy binne yn dizze oersetting net oernommen, op in inkelde útsûndering nei, nammentlik as it fynplak wichtich wie, û.o. omdat Menno it sels yn de tekst joech. Dy edysje befettet ek in nijsgjirrige Introduction fan sa’n 20 siden, yn it Ingelsk dus, foar de Ingelsktalige lêzer. It boek is inkeld fia de spesjalisearre biblioteek te krijen. It soe moai wêze as de Digitale Bibliotheek der Nederlandse letteren (dbnl.nl) it wurk fan Menno Simons, dat wichtich kultuergoed is, yn syn hiele hear en fear digitalisearje soe.

* Menno Simons. IJveraar voor het herstel van de Nieuwtestamentische Gemeente 1496 – 1561. 1961.
H. W. Meihuizen (Tjeenk Willink, Haarlem). ISBN: 9050821219.

Dy biografy befettet in meinimmende beskriuwing fan libben en wurken fan Menno Simons, en hat ek in pear priuwkes fan oersettingen fan syn wurk. It kin soms beset wurde fia boekwinkeltjes.nl.

* Opera Omnia theologica, of Alle de godtgeleerde wercken van Menno Symons. 1989.
ISBN: 9789067072304.

Dat is in fotomeganyske werprintinge fan de edysje út 1681, yn ûnlêsbere Goatyske letters. Der is in los A3-stinsel bysletten mei in nuttige Inleiding, besteande út twa parten:
Bij de herdruk van de Opera Omnia. S. L. Verheus, 2-4.
Een handreiking bij het lezen van de Opera Omnia. T. Alberda-van der Zijp, 5-16.

* Die Schriften des Menno Simons. Gesamtausgabe. 2013 (Steinhagen).
ISBN: 3862031063.
De Dútsers hawwe (wol) de muoite nommen en set alle wurken fan Menno Simons yn hjoeddeiske taal oer. It boek is fia in Nederlânsk ferkeappunt net te finen, wol yn Dútslân. It is in moaie wittenskiplike útjefte.

* The Complete Writings of Menno Simons. 1956 (Herald Press, Huntingdon).
ISBN-10: 0836195221. ISBN-13: 9780836195224.

Amish

* The Amish Way. Perilous Faith in a Perilous World. 2010.
Donald Kraybill, Steven Nolt and David Weaver-Zercher (Jossey-Bass, San Francisco). ISBN: 9781118152768.

Mooglik it bêste boek oer de amish. Spitigernôch net oerset yn it Nederlânsk. It jout omtinken oan harren leauwe yn relaasje ta harren libbenswize, want dy twa kinne net los faninoar sjoen wurde. Maklik te besetten bygelyks by bol.com.

* Folle minder goed en net frij fan eigentiidske foaroardielen, mar wol yn it Nederlânsk, is:
De stillen op het land. Kleine sociologie van de Amish in Amerika. 1996.
Peter Ester (Kok Agora / Syntax, Kampen). ISBN: 9039107416.

* In klassiker is it neikommende boek, dat spitigernôch wat te folle omtinken jout oan de materiële kant fan it amishlibben, en te min oan it leauwe dat it fûnemint foar dy libbenswize is.
The riddle of Amish culture. 1982.
Donald Kraybill (John Hopkins University Press, Baltimore). ISBN: 0801867711 en 080186772x.

De earste kristenen

* Will the real heretics please stand up. 1989.
David Berçot (Scroll Publishing). ISBN: 0924722002.
Ien fan de bêste boeken oer de iere kristenen, hoe’t se libben en wat se leauden. Goed lêsber ek. De digitale Nederlânske ferzje is te finen, en ek oare wurken oer de earste kristenen op: plain-living.nl.

* Will the theologians please sit down. 2009.
David Berçot. ISBN: 9780924722240.
Yn dit boek wurde alle ûntspoaringen fan de kristlike lear op heldere haadlinen yn kaart brocht, fan de earste kristenen oant nei de reformaasje. Opfallend is dat Berçot derop wiist dat opwekkingsbewegingen útgeane fan oer it generaal ienfâldige minsken, wylst tiden fan delgong gearhingje mei it feit dat teologen har oppenearje. Ek digitaal te krijen op plain-living.nl.

* A Dictionary of Early Christian Beliefs. 1998.
David Berçot (ed.). ISBN: 1565633571.
Yn dit boek kin men per bibelsk ûnderwerp opsykje wat de earste kristenen deroer skreaun hawwe en hoe’t se de oanbelangjende bibelpassaazjes opfetten.

* The Ante Nicene Fathers set.
Alexander Roberts e.o. ISBN 9781565630826.
Ensyklopedy yn tsien dielen mei alle wurken fan de earste kristenen oant 325. Yn printe foarm net maklik te krijen (en djoer). Lykwols digitaal as Epub en PDF fergees oan te freegjen fia: info@plain-living.nl.

(Takomme snein fierder mei de earste ôflevering fan it Fûnemintboek sels)

 

septimber 26, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.