Koarddûnser stekt fan Eiffeltoer ôf Seine oer

septimber 20, 2021 09:28

Foar koarddûnser Nathan Paulin is it in dream dy’t útkomt: syn kuiertocht op santich meter hichte fan de Eiffeltoer ôf oer de Seine hinne. De 27-jierrige Frânskman luts der snein in healoere foar út en die ûnderweis wat keunstkes.

Foto: pixabay.com

De koarde fan 2,5 sintimeter breed wie fan de earste ferdjipping fan de Eiffeltoer nei it dak fan it Palais de Chaillot spand, oan de oare kant fan de rivier, in ôfstân fan 600 meter. “It wie prachtich”, sei Paulin nei ôfrin. “It wie in prachtich útsjoch oer Parys, mar ik moast my ek op myn eksperimint konsintrearje.” Paulin, dy’t mei in feilichheidsline sekere wie, gie healwei syn tocht op de koarde  sitten en lizzen foar’t er fierder rûn. Letter op de dei makke er de oerstek, ûnderdiel fan in kultureel festival, noch in kear. Neffens de organisaasje is it de langste ôfstân dy’t in koarddûnser ea yn in stedsomjouwing ôflein hat.

Besjoch in filmke op YouTube.

septimber 20, 2021 09:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.