Kneppelfreed, in bysûndere teaterproduksje

septimber 2, 2021 21:56

“Friesland is maar een klein deel van een klein land. We moeten ertegen waken tweedracht te zaaien. De belangen van het geheel moeten prevaleren boven de delen”, dat is in stikje tekst dat útsprutsen wurdt troch de offisier fan justysje, spile troch Theun Plantinga yn de teaterfoarstelling Kneppelfreed, dy’t op 29 oktober yn premjêre giet.

Pier Bergsma

De foarstelling spilet him ôf yn it Paleis van Justitie yn Ljouwert, itselde plak dêr’t santich jier lyn de rjochtsaak tsjin Fedde Schurer, en de dêrop folgjende opskuor op it plein, wie. Dat gebou is lokaasje en arena foar de foarstelling.

It sil ein foarich jier west hawwe dat ik belle waard troch David Lelieveld fan teaterproduksjebedriuw Pier21.”Binne jimme as Ried fan de Fryske Beweging fan doel om wat oan 70 jier Kneppelfreed te dwaan?” Ik sei dat wy dat fan plan wiene, mar dat wy troch de covidproblemen besletten hiene soks net te dwaan, útsein it organisearjen fan de Fedde Schurerlêzing. Dêr kom ik werom.

Undertusken hat Pier21 in moaie produksje op tou set oer Kneppelfreed, dy’t woansdeitemoarn 1 septimber yn Ljouwert presintearre waard. It begûn om 11 oere op it Saailân. Sjoch it taheakke filmke. Dernei gie it nei de Harmonie. Der joegen Jos Thie, Bouke Oldenhof en Sjoeke Marije Wallendal in taljochting op de foarstelling dy’t it belang fan meartaligens ûnderstreket, want

Alle fûgels hawwe in oar lûd, mar wat is it mei-inoar in moai lûd.

Skriuwer Bouke Oldenhof sketste koart de opset. It stik begjint yn 1951 mei de saak tsjin Schurer en sa komt syn abbekaat Abel Herzberg oan it wurd. Dy jout ek kommentaar by it twadde part dat him ôfspilet yn 1974. Dat part giet oar de FOKA, de aksje fan de Grinzer studinten dy’t Hollânske plaknammen oerferven. It tredde en lêste part giet oer de rjochtsaak tsjin de ‘blokkearfriezen’. By dy lêste rjochtsaak út 2018 krige Jenny Douwes net de kâns om har ferhaal streekrjocht yn it Frysk te dwaan. Neffens Jos Thie, de artistyk lieder makket it stik in ferbining tusken doe en no en it is in oade oan de taal.

Sa’t it no liket, kinne der alle kearen hûndert minsken yn de seal en de foarstelling sil op syn minst 25 kear spile wurde.

De Ried fan de Fryske Beweging is ien fan de sponsers fan dizze produksje.

Ut de taljochting fan Pier21:

De tekst fan Bouke Oldenhof is in geweldige útdaging foar de fjouwer akteurs. Kneppelfreed is in achtbaan oan gedachten en emoasjes. Underfining en talint treffe inoar yn dizze foarstelling, krekt as it Frysk en it Nederlânsk. De folgende akteurs ha tasein oan Kneppelfreed mei te dwaan: Joke Tjalsma, Theun Plantinga, Aly Zijlstra en Martijn de Ryk. De regy wurdt fierd troch Sjoeke Marije Wallendal (û.o. Marijke Muoi) en de artistike lieding is yn hannen fan Jos Thie.

 

 

Ik kom werom op de Fedde Schurerlêzing. Myn kollum fan 8 july “Tiid foar kneppels yn ús ‘global goals’ gemeente” oer it beskamsume taalbelied fan de gemeente Ljouwert einige sa:

“Saterdeitemiddei 27 novimber o.s. wurdt de jierlikse Fedde Schurerlêzing holden, mei dizze kear as tema ’70 jier nei Kneppelfreed’. Dy gearkomste sil sa’t it no liket yn De Koperen Tuin holden wurde kinne. Heechlearaar Sigrid Hemels komt te sprekken oer wetlike rjochten, âld-Tresoardirekteur Bert Looper oer keunst en kultuer nei 16 novimber 1951 en skriuwer en sjoernalist Abe de Vries komt mei in krityske bydrage oer 70 jier Kneppelfreed. Mear ynformaasje folget. De ‘kaartferkeap’ wurdt lykas yn 2019 organisearre troch de Leeuwarder Courant.

Ik soe it leafst sjen dat it provinsjaal bestjoer of it regear yn Den Haag dizze gearkomste ferbiede soe, leafst mei in soad plysje, de ME, in wetterkanon en hûnen mei skerpe tosken. Dat soe geunstich wêze foar ús Fryske taal. Dat sit der spitigernôch net yn. It sil in rêstige gearkomste wurde. Jo binne wolkom en ook onze hoofdstad Leeuwarden heet u van harte welkom.”

Foto’s David Lelieveld en Teun Plantinga op it Saailân. Bouke Oldenhof yn de Hramonie. 

Filmke en foto’s Pier Bergsma 

 

 

 

.

septimber 2, 2021 21:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.