Kin waarmte fan âlde fulkaan yn Boalsert ierdgas ferfange?

septimber 2, 2021 08:18

Yllustraasje Unsplash

Om oan de ôfspraken fan it lanlik klimaatakkoart te foldwaan, moatte yn de gemeente Súdwest-Fryslân achttûzen wenningen fan it gas ôf. It boargerinisjatyf Stichting Ontwikkeling Geothermie Friesland (STOGEF) ûndersiket mei stipe fan de gemeente oft yn Boalsert gebrûk makke wurde kin fan ierdwaarmte.

Yn ’e buert fan Boalsert sit in âlde fulkaan op hast 3 kilometer djipte yn de grûn. Dat makket de kâns op it slagjen fan it ierdwaarmteplan grut. Ien ierdwaarmteboarne kin jierliks foar fiiftûzen wenningen waarmte produsearje. Der moat ûndersocht wurde oft mei djipper boarjen noch mear waarmte nei boppen helle wurde kin en oft it oanlizzen fan de boarne te realisearjen en te beteljen is. Foarsitter fan STOGEF Hendrik de Vries hat mei ynwenners fan Fryslân de stichting út idealisme opset. Hy seit: “Wy achtsje it wichtich om sels in bydrage te leverjen oan in takomstbestindich klimaat en wy binne begien mei ús lânskip. Dêrom sykje we mei de gemeente nei in oplossing dy’t foar it lânskip en de libbensomjouwing sa min mooglik skea meibringt.”

Foar wenningeigeners yn Boalsert soe it in moaie opstap wêze nei ierdgasfrij wenjen. De Boalserter wenningkorporaasjes hawwe in yntinsjeferklearring tekene mei de gemeente om mei-inoar de mooglikheden te ûndersykjen. Wethâlder Erik Faber is entûsjast: “Yn de Transysjefyzje Waarmte hat ús gemeente oanjûn hokker stêden, doarpen en wiken oant 2030 oan bar binne om ierdgasfrij te wurden. It falt net altyd ta om ynwenners der entûsjast foar te meitsjen. Ynisjativen út de mienskip lykas as dizze binne we dan ek bliid mei.”

STOGEF set útein mei ûndersyk en ynformaasjefoarsjenning. Hokker lokaasje is geskikt foar in boarne? Oft it technysk, organisatoarysk en finansjeel te realisearjen is moat neier besjoen wurde en der moat praat wurde mei enerzjykoöperaasje Debo (Duorsume Enerzjy Boalsert) en oare bedriuwen en organisaasjes oft se meidwaan wolle.

“De ynwenners fan Boalsert wurden no al op ’e hichte brocht, al sitte we ek noch mar yn de ferkennende faze. Wy wolle harren yn in ier stadium yn ús plannen behelje”, seit De Vries. Se binne ûnderwilens al útnûge foar in ynformaasjegearkomste ein septimber. It sil net earder as 2025 wêze as mei de plannen begûn wurde kin.

septimber 2, 2021 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.