Keramykmuseum Prinsessehof siket feesttafels foar útstalling
Resint ferskynd
It Prinsessehof yn Ljouwert presintearret yn ’e hjerst fan 2022 in grutte útstalling dy’t sjen lit hoe’t se yn Nederlân feestfiere mei iten. Dêrom is it museum op syk nei de feesttafels (mei servys) en persoanlike ferhalen fan feestfierders yn hiel Nederlân. Alle feesten binne wolkom: fan Kryst oant Keti Koti en fan in jierdei oant Sûkerfeest.
It Prinsessehof is opsyk nei alles dêr’t minsken by gelegenheid fan feesten mei tafelklearmeitsje, oft dat no om de yttafel, de salon- of túntafel giet: eltse ynstjoering is wolkom. De keazen servizen sille fan oktober 2022 oant de neisimmer fan 2023 diel útmeitsje fan de útstalling. Dêr sille tsientallen feestlike dutsen tafels en de byhearrende persoanlike ferhalen it enoarme ferskaat oan feestlike tradysjes en wensten yn toane.
Meidwaan
Om mei te dwaan ropt it museum op om in foto fan de dutsen feesttafel yn te stjoeren, mei dêrby it persoanlik ferhaal dat by dat feest past: wat wurdt der fierd, wêrom, mei wa en wat stiet der allegear op tafel?
Foto’s (mei namme en adres) kinne oant 15 oktober nei feest@princessehof.nl stjoerd wurde. Ut alle reaksjes selektearret it Prinsessehof in stikmannich dutsen feesttafels, dy’t mei-inoar yn it museum in sa breed mooglik byld sjen litte fan hoe’t Nederlân feestfiert.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje