Jongfryske Mienskip yn petear mei deputearre Fokkens

septimber 10, 2021 13:37

Deltaplan? Bouwe neffens Skandinavysk model foar de jongerein!

Delegaasje JFM (flnr. Jenny Douwes, Wolter Jetten en Chris van Hes) by deputearre Fokkens (l). Foto JFM

Tongersdei 9 septimber hat in delegaasje fan de Jongfryske Mienskip (JFM) mei deputearre Avine Fokkens praat. Underwerpen wiene de Lelyline en de Bouwstenen van het Noorden. De JFM hie, doe’t dy plannen yn it nijs wiene, in protte krityk op it proses derom hinne, omdat der gjin demokratyske legitimiteit foar wie. Yn Provinsjale Steaten wie der nammentlik gjin posityf beslút oer fallen.

Yn it provinsjaal bestjoersakkoart is wol wat oer de Lelyline opnommen, mar der soe pas nei in Maatskiplike Koste- en Bate-analyze en in oanfoljend ûndersyk oer besletten wurde. Hamburch, Malmö, Stockholm en Helsinky soene foar in flugge treinferbining wêze, waard der sein, mar út neifraach docht bliken dat dy net perfoarst oer Grins, Drachten en it Hearrenfean rinne moat. De Dútske steatssekretaris foar ferkear die yn in dokumintêre fan Omrop Fryslân te witten dat er dat trajekt net iens as mooglikheid sjocht.

De JFM sjocht nei de foarbylden út Skandinavië en wol hjir gjin Rânestêdproblematyk mei hege kriminaliteit, anonimiteit/yndividualisearring en polarisaasje hinne helje, mar neffens Skandivysk model foar de jongerein bouwe. Ut ûndersyk docht bliken dat 84% fan de jongerein yn de gemeente Ljouwert yn eigen doarp/Fryslân wenjen bliuwe wol. Undernimmers hawwe dy jongerein hurd nedich om yn it ferlet fan personiel te foarsjen. De oplossing foar it probleem fan fergrizing leit yn de krêft fan de eigen provinsje. Alle bouplannen moatte foar dy groep jonge Friezen opset wurde.

In rappe treinferbining en wentebou binne ûnderwerpen dy’t los faninoar steane. Under it mom fan Deltaplan van het Noorden wurde se no gauris keppele. De JFM is dêr per op tsjin. De hûnderttûzen nije wenten dêr’t oer tocht wurdt sille foar Fryslân grutte gefolgen hawwe: sosjaal, kultureel en lânskiplik. Wêr moatte dy stean? Wat docht dat mei de sosjale koheezje en struktueren?  Hoe komt it mei de natuer, iepen romte en lânskip? Friezen hawwe noed oer dy aspekten en fiele har net heard. Dat moat oars!

Dêrom lit de JFM it opsetten fan in boargerinisjatyf yn him omgean, om sa in sekuer en soarchfâldich proses foar beide plannen te berikken. Dêr moatte de Friezen alle mooglikheden ta ynspraak yn krije, én dêr moat wat mei dien wurde. Behalven dat moat yn it fyzjedokumint ‘Bouwstenen van het Noorden” eksplisyt opnommen wurde dat der (yn de doarpen) foar de jongerein boud wurdt. Jonge minsken en húshâldingen bliuwe sa ticht by harren eigen miljeu en fersterkje sa de leefberens en fitaliteit fan de doarpen.

De JFM bliuwt skeptysk oer de needsaak fan de Lelyline, de motiven omtrint de Bouwstenen van het Noorden – en dus it Deltaplan yn it algemien. JFM en deputearre diele foar in grut part deselde noeden, mar tinke noch yn oare útkomsten. In ferfolchpetear liket ta de mooglikheden te hearren.

 

septimber 10, 2021 13:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.