Jongfryske Mienskip wol Fryske autonomy
Resint ferskynd
- Strjitnammebuorden oanlieding foar nije Spaanske taalstriid 0
- Takom wike grutte treinstaking 0
- Wer grutte flater by ôfhanneljen ierdskokskea: slachtoffers witte net wat se no moatte 0
- Programma Into The Great Wide Open 2022 folslein 0
- Fryske gemeenten poerbêst berikber fia e-mail, ôfhanneling kin noch better 0
Op de Algemiene Ledegearkomste fan de Jongfryske Mienskip (JFM) dy’t op 4 septimber holden waard, binne de takomstplannen fan de bewegingsorganisaasje presintearre. Yn in strategyske piramide waarden yn sykly fan fiif jier de plannen oant en mei 2050 ferdútst. De JFM wol mear rjochten foar de Fryske minderheden yn Nederlân en Dútslân en dêrneist foar Fryske autonomy gean. De nije gjalp fan de JFM is dan ek: Underweis nei autonomy! Dêrby kin tocht wurde oan in parlemint mei ‘echt foech’, in soarte fan status aparte. De legaslative grûnslach dêr’t soks op dien wurde kin is noch iepen, mar dat feroaret neat oan it úteinlike doel.
Elly Schoonbeek-de Jong en Jenny Douwes waarden unanym as bestjoerslid keazen. Sander Hoekstra, dy’t unanym opnij as bestjoerslid keazen is, nimt de taak fan twadde foarsitter op ’e skouders. Hoekstra: “Wy hawwe in soad nijsgjirrige projekten en aksjes dien. De leden jouwe oan dat se dêr tefreden oer binne en se hoopje dat wy de goede koers folhâlde. Wy binne tankber foar it betrouwen dat de leden yn ús hawwe. Nei lange tiid hawwe wy ús bestjoer wer útwreidzje kinnen mei twa sterke froulju dy’t brûze fan de nije ideeën. Dêr binne wy tige wiis mei, want as progressive feriening wolle wy foarúttinke om nije emansipaasjestappen te setten dy’t goed binne foar it Frysk en de Friezen.”
Goeie allegearre, Minhear, Frou, Minske,
Graech wol ik my oanslúte by de JongFryske mienskip, en oankundichingen ûntfange fan oankommende gearkomste
Jo binne fan herte wolkom!
Jo kinne in e-mail skriuwe oan jongfryskemienskip@gmail.com en wy stjoere jo fuort in lidmaatskipsformulier ta. 🙂