Jan Schokker: Trekfûgels

septimber 25, 2021 06:55 Fernijd

Kollum

Krekt as by fûgels sit it reizgjen by in part fan myn famylje yn de genen. Foar guon fan ús is it miskien in foarm fan ûnrêst, foar in pear oaren faaks in soarte fan nijsgjirrigens en foar in inkeling mooglik nocht oan wat aventoer yn it deistich libben. Yn alle gefallen witte de betûftste reizgers yn ús famylje dat it echte reizgjen neat te meitsjen hat mei de koartste en fluchste ferbining tusken twa doelen. De frijheid fan reizgjen is no krekt, as it sa útkomt, om mei de hannen frij fan it paad ôf te wiken.

It leafst reizgje ik op tsjillen, net inkeld om sels it stjoer yn ’e hannen te hawwen en ek net echt omdat it sa noflik is dat ús gânske skala oan eigen guod de hiele reis foar de greep leit. Nee, foaral fanwegen dat moaie monotoane lûd fan de automotor, it weidek dat ûnder my wei wurdt en myn tinzen dy’t ridendewei alle kanten op geane. Myn gedachten skommelje navenant de bochten yn de dyk en fine ynspiraasje yn alles dat ûnderweis apart, bûtengewoan, eksintryk, orizjineel of foaral gewoanwei oars is. Sa is it reizgjen foar my in foarm fan meditearjen, haw ik ûntdutsen. Yn alle gefallen is it altyd in les yn selsredsumens, en dus yn selskennis.

It giet om de reis en net om de bestimming, wurdt der sein troch minsken dy’t trochmeditearre hawwe oan de hegeskoalle foar libbenskeunsten. Ommers, as it om de reis sels giet, dan binne jo in reizger, giet it dêrfoaroer suver om de einbestimming, dan binne jo net folle mear as in toerist. Dizze reis ha wy aardich wat bestimmingen, mar it giet ús wol deeglik ek om it ûnderweis wêzen.

Want hoe sit it? Nei oardel jier begjint de standbou wer los te kommen. Beurzen wiene lange tiid net mooglik troch de koroana en ús reklame-bedriuw, dat troch myn soan oernommen is, docht foar in grut part yn it bouwen fan stands foar alderhande bedriuwen op sakebeurzen yn binnen- en bûtenlân. De preparearre stands foar om utens bou ik tegearre mei myn frou op it plak sels op. Dy aktiviteiten ha wy nei myn pensjonearring moai trochset. Sa bliuwe wy beide teminsten noch in bytsje skerp en linich.

Dat wy ha meikoarten in beurs yn La Rochelle, in prachtich havenstedsje oan de westkant fan Frankryk. Trije wike letter moatte wy deselde stand opsette by in evenemint yn Montpellier, in noch folle moaiere stêd oare kant fan de Pyreneeën oan de Middellânske See. Sis no sels, om tuskentroch foar in pear wike op en del en hinne-en-wer mear as twatûzen kilometer nei Fryslân te riden is smots foar de klimaatdoelstellingen fan Timmermans.

Lit no in omkesizzer fan ús, ek al sa’n globetrotter, it iens wurden wêze mei in kreaze Spaanske en in brulloft hawwe yn it Súd-Spaanske Málaga, krekt tusken de beide beurzen yn. Sjoch, soks is fansels bjusterbaarlik goed regele en sa kinne wy moai gong hâlde: trochreizgje, ûnderweis flink wat stedsjes besjen, lokale kultuer opsnuve, ús Spaansk yn ’e praktyk bringe, genietsje fan pleatslike gerjochten en de frjemdste fûgels bestudearje. As dat gjin reizgjen is, dan wit ik it ek net mear.

Boppedat is der fêst noch wol tiid om ûnderweis wat tekst yn de laptop te tikjen. It sil te folgjen wêze op info@janschokker.frl.

septimber 25, 2021 06:55 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.