It wurdt him net mei in minderheidsregear

septimber 28, 2021 17:32
Binnenhof. Boarne: Wikimedia Commons

Nederlân kriget net in minderheidsregear fan VVD, D66 en/of CDA. Dat seit ynformateur Johan Remkes tiisdei. In mearderheidskabinet like ek net earlik yninoar te draaien. Dat, it koe wolris efkes duorje ear’t Nederlân wer in net-demisjonêr regear hat.

Remkes wol noch sjen oft der in regear mooglik is sûnder Keamerstipe. Der soene dan fakministers oansteld wurde dy’t oer elk beliedspunt op it stuit sels mei de Keamer yn debat moatte oer de winsklikens derfan. Remkes hat de foarsitters fan acht fraksjes útnûge om dêroer te praten. It giet om de foarsitters fan PvdA, VVD, CDA, D66, GrienLinks, ChristenUnie, SGP, Volt en Den Haan. Wêrom’t de oare fraksjefoarsitters net útnûge binne, is net bekend.

Wol sa’n sakekabinet der komme, dan moat in mearderheid fan ‘e fraksjes tasizze om it net fuortendaliks mei moasjes fan misbetrouwen falle te litten.

In lêste rêdmiddel soene nije ferkiezings wêze, mar it is de fraach oft de Keamer der dêrnei sa oars útsjen soe dat der wol maklik in regear te foarmjen is.

septimber 28, 2021 17:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.