It tsiende wurd: Is begeare de sûnde fan ús tiid?
Resint ferskynd
Oertinking
Aazje op wat in oar hat, neamde immen de kwaal fan dizze tiid. De bekende sjoernalist Marion Dönhoff beskreau de westerske maatskippij as ‘Raffgesellschaft’, sis mar ‘in stel grypfûgels’.
Bulten minsken fertoane dat ynklauwerige gedrach. Se dogge as winkeljend publyk dat alle boadskippen noch krekt foar slutingstiid yn sân hasten dwaan wol. It binne de saneamde grypstra’s en knypstra’s.
It advys fan Dönhoff is: “Wy moatte de maatskippij minskliker meitsje, de skrokkigens en roppigens útbanne, eigen belang ûndergeskikt meitsje oan it algemien belang. Ynstee fan ûnferdraachsumens moat tolerânsje komme. Frijheid moat gjin lege húl wêze, mar folle wurde mei ferantwurdlikheidsbesef.”
Dat is in prachtich kommentaar by it tsiende wurd.
Ynstee fan de begearte nei de grutte mear dy’t nea fol rekket, leart de Bibel ús opoffering:
“Lit elk foar oar net allinne tinke om syn eigen belangen, mar ek om dy fan oaren. Jimme moatte fan itselde betinken wêze as Kristus Jezus.”
Lêze: Filippiërs 2: 4-8
ds. Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje