It njoggende wurd: Stean yn foar in suvere rjochtspraak

septimber 12, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Lit it oeral en altiten earlik om en ta gean

Wat soe dat geweldich wêze as ús rjochtspraak suver wie en as it oeral en altiten earlik om en ta gie!
Hoe aktueel is dit appèl!
Wy libje ommers yn in wrâld fan fraude, fan smearlapperij en maffiapraktiken, korrupsje, omkeaperij, manipulaasje en organisearre misdied! Sels foaroansteande rjochters jouwe ta dat riken yn ús lân in foarsprong ha by it gerjocht. Dy kinne it ommers folhâlde om hieltyd wer yn heger berop te gean, wat al by in saneamde foarm-fout mooglik is.

Mei it wurd ‘rjocht’ reitsje wy it hert fan ’e Bibel. Jesaja neamt God ‘Dy fan it rjocht’! It wurd ‘rjocht’ en de wurden dy’t dêroan besibbe binne, komme grif wol trijetûzen kear foar yn it Earste Testamint, dat him fûleindich keart tsjin omkeaperij en falske tsjûgen (Spreuken 17:23; 21:14; Jesaja 1:23), en tsjin it frijsprekken fan de skuldige en it feroardieljen fan de ûnskuldige (Spreuken 17:15; 18:5; 19:5, 9, 28; 24:24; 25:18).
Betroubere minsken sprekke de wierheid (Spreuken 14:5, 25). De roddelparse yn Nederlân foarop, lit sjen dat hiele en heale leagens deryn geane as koeke.
Wat hat de mienskip, wat hawwe wy de besieling fan it njoggende wurd dochs bot nedich.
En as in earme oprjocht syn paad giet, is er better as in rike dy’t ferkearde wegen giet (Spreuken 28:6).

Lêze: Spreuken 28:1-10

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
septimber 12, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. - septimber 12, 11:19

    Rabbelparse. Roddelje is hiel wat oars.

  2. Martinus septimber 13, 18:02

    It Fryske Rjocht hie hjirfoar in gaadlike oplossing: Frij oersetten út it boek fan Oebele Vries, Asega. Is het Dingtijd? : As in rjochter falsk spul makke, dan waard syn hûs woeste.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.