It ferkearde paad yn it ferline, it goede paad nei de takomst

septimber 26, 2021 08:22

Taspraak holden op it Reaklif op 25 septimber 2021

Sander Hoekstra. Foto: It Nijs

Ik nim jimme mei, werom yn de tiid nei de rûzige nacht fan 25 op 26 septimber 1345. Tsientallen skippen en in pear tûzen striders sile troch dy nacht fan Inkhuzen nei Starum om dy opstannige Friezen lytsman te meitsjen. De skippen sitte sa grôtfol, dat de greven de hynders mar net meinaam hawwe.  De lieder fan dy striidmacht, greve Willem IV, hat himsels goed taret op dy ûndernimming. Yn Hollân wiene de belestings yn ’t jier dêrfoar al ferhege om dy fjildtocht mooglik te meitsjen.

Greve Willem IV hie it jier dêrfoar noch in grutte oerwinning behelle yn Utert. Nei’t de stêd him oerjûn hie, wie ien fan syn easken dat fjouwerhûndert minsken op bleate fuotten foar him knibbelje moasten. In man mei in grut ‘ego’, dat mist my net. Is dat de reden dat er de Friezen swier ûnderskat hie?

Yn de oanrin nei de ‘Slach’ hie der al kontakt west tusken de Friezen en Willem IV. De Friezen woene wol wetter by de wyn dwaan en mear belesting betelje om in striid foar te kommen. Mar it opjaan fan harren rjochtspraak en harren frijheid, soks wie fansels net besprekber.

Troch de minne waarsomstannichheden rekke de float ûnderweis útinoar, in part kaam by Starum oan lân. Willem IV rekke by Warns oan lân en it gie fuort fan halem. Ek al wiene Laaksum en Warns al troch de ynwenners ferlitten, dochs stuts er de doarpen yn ’e brân. Dat makke ús foarâlden dûm. De tsjerkeklokken begûnen te lieden en de Friezen kamen yn aksje. Healwei it paad nei Starum barste de striid los en Willem krige it dreech. Sadwaande kaam er op it Reaklif ta it beslút om oer Skarl nei Warns werom te gean. De dyk dy’t er naam, stiet oant de dei fan hjoed noch altiten bekend as ‘de ferkearde wei’. En sa wie it … Yn it sompige lânskip kamen de striders yn harren swiere harnassen net sa fier. De rest witte wy en is jimme grif bekend. Gâns Hollânske eallju en hûnderten oare fijanlike striders hawwe de slach net oerlibbe. De Hollânske nederlaach makke grute yndruk yn hiel Jeropa. In oar gefolch wie dat de Friezen yn ús Fryslân noch sa’n 150 jier harren frijheid behâlde koene. Dêr wie it om te rêden: ús FRIJHEID!

Sûnt 1815, de tiid nei Napoleon, binne wy ús frijheid wer kwytrekke trochdat der in sintralistyske ienheidssteat kommen is. Wêrby’t de macht wer by it sterk dominante Hollân kaam te lizzen mei in Willem I op de troan as nije kening. Dat sinnige ús as federalisten net en dat is sa bleaun. Wês wach, want der sit noch jimmeroan in Willem op ’e troan.

Foar guon liket dat faaks moai. Ommers, Fryslân hat syn eigen taal, wy meie dy prate foar de rjochtbank en it Frysk is in ferplichte fak op skoalle. Ek yn Jeropeesk ferbân binne wy as Friezen in erkend folk en hawwe wy in erkende taal en dat jout likegoed rjochten.

Op papier liket it dus noch net sa min, mar yn ’e praktyk binne der noch hiel wat losse einen. Om de fjouwer jier komt in ôffurdiging fan de Rie fan Jeropa nei ús ta om nei te gean hoe’t it sintrale Haachske regear omgiet mei syn nasjonale minderheden. En alle kearen wer lige harren rapporten der net om.

Sa wurdt der noch fierstente min Frysk brûkt by iepenbiere ynstellingen en yn gebouwen. Der binne fierstente min Fryske tolken op in goed nivo. It ûnderwiis yn it Frysk en de Fryske skiednis op ús skoallen sjit noch slim tekoart. En it Haachske regear docht der amper wat oan om dat better te krijen. Hoe is it dochs mooglik dat in donorformulier en in jûnsklokformulier wol yn it Poalsk, Arabysk en Sineesk te krijen is, mar net yn it Frysk. Dat soe dochs automatysk regele wurde moatte. Der moast earst wer in oanklacht komme fanwegen diskriminaasje foar’t it mei dat formulier yn kalk en semint kaam. Mei tank oan Meldpunt Diskriminaasje Fryslân en de geweldige ynset fan direktrise Mirka Antolovic en deputearre Sytske Poepjes.

Mar lit ús earlik wêze: wy fertjinje better, folle better!

Al sûnt iuwen fêstigje minsken fan bûten harren op ús Fryske grûn en kinne se, as hja dat wolle, frijwillich diel útmeitsje fan ús Fryske mienskip. Eins is it net te begripen dat ús mienskipsfielen der nei al dy iuwen fan ûnderdrukking noch altiten is. De Fryske paradoks lit ús sjen dat, ek al hawwe wy it hjir finansjeel minder as yn de rest fan Nederlân, wy it alderlokkichst binne. Nei ûndersyk die bliken dat der ferskate dingen yn meispylje. In pear haw ik dêrút helle: bygelyks de rêst en de romte fan ús lânskip. De terpkes dêr’t wy al iuwenlang op wenje en ús striid tsjin it wetter hawwe makke dat wy yn swiere tiden inoar helpe, mei-inoar meifiele en sa is ús mienskip ûntstien. Mar ek it besit fan in eigen taal en kultuer meitsje diel út fan ús lok. Wy fiele ús frij om Fries te wêzen. Dat kin in bewuste kar wêze, ek as jo hjir net hikke en tein binne. Myn widze stie yn Opperdoes en goed besjoen bin ik in West-Fries, dat ik wit wêr’t ik oer praat. Ik waard my bewust fan it sykjen nei myn Fryske identiteit doe’t ik fyftich wie.

Ik begûn my ôf te freegjen wêrom’t ik op skoalle net leard hie dat er in Friezetsjerke yn Rome wie. Wêrom hie ik neat leard oer de Lex Frisonum en Magna Frisia? Wêrom neat oer de Romeinske skiednisskriuwer Tacitus, dy’t skreaun hat oer dat ellindige folk dat libbe op bulten modder yn ’e see? Mar ek oer kening Rêdbâd en greve Gerulf dy’t in grûnslach lein hawwe foar de hjoeddeistige provinsjes Noard- en Súd-Hollan en eins ek fan it hjoeddeistige Nederlân.

It wie de Ingelske skiednisskriuwer Michael Pye dy’t him ôffrege wêrom’t der yn Nederlân net mear omtinken foar de Fryske skiednis is. Syn konklúzje wie dat de oerwinner de skiednis skriuwt en ja …, wy Friezen binne in folk dat oerwûn is.

Dochs bûge wy gauris mei, hast alle kanten út, sûnder ús eigen identiteit te ferliezen. Sterker noch, yn drege tiden stiene wy net allinnich klear foar flechtlingen út Nederlân lykas yn de oarlochswinter, mar ek fan fier dêrbûten. Hjoed-de-dei is Us Mienskip ‘all-inclusive’ en alleman dy’t dat wol, kin diel útmeitsje fan dy Fryske mienskip. Neat oan ’e hân dochs?

Nei 1700 waard ús turf hjir weihelle en begjin 1900 waarden ús terpen ôfgroeven en no wurdt it sâlt en it gas ús ûnder de kont wei stellen. Mar ek de plannen foar grutskalige wentebou by Drachten en op It Hearrenfean om de wenningneed yn de Rânested te ûntlêsten, sjoch ik as in grutte bedriging fan ús mienskip en ús frijheid. Yn it deltaplan oer de wenningbou wurdt mei gjin wurd rept oer de ynfloed dy’t dat hat op it Frysk of de Friezen. Ik kin net oars as konkludearje dat wy ferwurden binne ta in wingewest fan de Rânestêd. Mei de beslissing ferline wike om ûnder it Waad by Ternaard nei gas te boarjen hat it Haachske regear, lykas dy greve út 1345, al wer ‘it ferkearde paad’ nommen. De skiednis werhellet him.

Wy binne in beskieden folk, mar it wurdt tiid dat wy boppe ússels út stiigje, opsteane en mei ús luie kont fan de stoel komme om op freedsume wize te demonstrearjen tsjin it ferkwanseljen fan ús eigen boaiemskatten en it op ûndemokratyske wize bouwen fan sa’n 100.000 wenten. Wêrom soene wy yn de neie takomst net ris stappen sette op it paad nei Fryske autonomy mei in eigen grûnwet. Ik bin fan betinken dat dat de WEI is. De iennichste GOEDE wei nei de takomst fan ús mienskip om dy te bewarjen en te hoedzjen foar ús bern en bernsbern.

Ik slút ôf mei de wurden fan Flip van Doarn, dy’t yn syn krekt útkommen boek De Friezen, beskriuwt hoe’t er op ’e siik is nei syn Fryske woartels en himsels de fraach stelt wat dy Fryske identiteit en Fryske frijheid no eins ynhâldt. Ik sitearje oerset yn it Frysk:

De Fries yn mysels moat ik net sykje yn myn ôfkomst, mar yn myn takomst. Fries bin ik net om’t myn foarâlden út Fryslân komme, mar om’t ik krekt as de alderâldsten fan dy foarâlden yn alle frijheid besletten haw om my hjir nei wenjen te setten en diel út te meitsje fan de mienskip. As der in essinsje is, dan is it dy.

Tige tank foar jim harkjend ear.

Sander Hoekstra

Sander Hoekstra is ien fan de twa foarsitters fan de Jongfryske Mienskip; sjoch foar it ferslach fan de gearkomst op it Reaklif: Wylde Warnsbetinking | It Nijs
septimber 26, 2021 08:22
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 septimber 27, 14:09

    Skitterjende taspraak! Ik sjoch dat ek as de iennichste wei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.