It achtste wurd (2) Do meist net stelle

septimber 5, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

By alle praterijen wurdt jammere oer it stellen yn ús mienskip! Dochs jouwe dy diskusjes my in ûnbefredigjend gefoel. Oan de iene kant wurdt klage oer it stellen fan fytsen, tassen, sieraden, jild ensafuorthinne. En it kommentaar is meastal net swak: se moatte se dit, se moatte se dat!
Mar op dyselde besite hear ik de minsken mei bewûndering praten oer de tûke sakeman en oer de handige belestingûntdûker. Wy hearre fan top-managers dy’t fantasy-ynkommens ha, en oaren dy’t om ’e belestingen yn België wenje of swart jild yn Switserlân wytwaskje. Wy hearre fan gûcheljen mei bv’s, en gean samar troch. It is hiel gewoan wurden dat grutte lju dy’t, om’t se net foldogge, in knoarre jild meikrije.

‘Do meist net stelle’, slacht yn ’e Bibel op it stellen fan de middels fan bestean. Dat wie doe de grûn, dêr’t hast elkenien fan libbe, en dat wiene – foaral foar de widdowen – de soannen.
Ferlies fan grûn en bern drigen, as de lytse man yn ’e skuld rekke by de rike. De Bibel keart him fûl tsjin dat stellen, om’t dat it ferlies fan selsstannigens betsjut en dus slavernij.
Dy útsûnderlike selsferriking fan top-managers giet op kosten fan de lytse man.
As wy it gebod ‘Do meist net stelle’ posityf ombûge, dan giet it ek om in goede AOW, WAO, bystânsútkearing en sa fierder.
Mar ek foar dy’t sa’n útkearing ûntfange, jildt: do meist net stelle. Dat is: do meist gjin misbrûk meitsje fan dy foarsjenningen.

Lêze: Spreuken 30:7-9 en Efeziërs 4:28

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
septimber 5, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.