In bytsje Jouster Merke

septimber 23, 2021 23:54

Mei in pear diskes waard in bewyske fan de jiermerksfear oproppen. Foto: It Nijs

Troch de koroanagoarre koe hjoed foar it twadde jier op rige de Jouster Merke, dy’t al sûnt de midsiuwen op de fjirde tongersdei fan septimber holden wurdt, net trochgean. De ûndernimmers op ’e Jouwer seagen nettsjinsteande de hjoeddeistige betingsten lykwols romte foar it organisearjen fan in saneamde Lytse Jouster Merke: in tal winkels hie in diske yn de Midstrjitte. Der kaam aardich folk op ’e lappen, want in protte minsken koene it net litte en doch efkes in slach troch de Jouster buorren. Krekt as ornaris op de jiermerk, wiene der sadwaande rûnom moetings fan âlde kunden. De hoareka die oant let op ’e jûn goede saken. Foar de jongerein wie der wol in merke; mei in stek deromhinne omreden fan in maksimum oantal fan 1035 tastiene besikers en de bekende hygiëneregels.

Offrede koe de merke wol trochgean. Foto: It Nijs

septimber 23, 2021 23:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.