Ikoanyske films yn filmprogramma by útstalling Frysk Museum

septimber 11, 2021 09:29

Yn gearwurking mei Slieker Film organisearret it Frysk Museum in filmprogramma by de útstalling Icons: topstikken út de National Portrait Gallery. Slieker fertoant yn oktober topfilms dy’t ikoanen portrettearje of films dy’t jin sjen litte as nei in skilderij. Fan Oscarwinnende films as Elizabeth oer it rûzige libben fan de earste keninginne fan Ingelân, oant dokumintêres oer keunstners David Hockney en Lucian Freud. Omtinken foar portretkeunst is der ek, mei films as Portrait de la jeune fille en feu en Final Portrait. Kaarten binne te besetten fia de webside fan Slieker: sliekerfilm.nl/icons-filmprogramma.

Boarne: Slieker Film

Op 1 oktober set it filmprogramma útein mei it histoaryske drama Elizabeth. Yn dy film út 1998 stiet de earste keninginne Elizabeth fan Ingelân sintraal. Elizabeth wrakselet mei har ropping as keninginne fan in fallyt lân en de tsjustere kanten fan har ryk. De film krige loovjende kritiken en Cate Blanchett waard nominearre foar in Oscar foar har rol as de ikoanyske keninginne. Oare films op it programma binne de dokumintêres oer keunstners David Hockney en Lucian Freud, beide fertsjintwurdige yn ’e útstalling Icons.

Omtinken foar de keunst fan it portret is der ek. Yn de grandioaze film Portrait de la jeune fille en feu út 2019 stiet it universele en tiidleaze ferhaal fan in ûnmooglike leafde sintraal. Dêrneist is in haadrol weilein foar it houliksportret dat keunstneresse Marianne makke foar Heloïse. Yn Final Portrait stiet it lêste portret dat keunstner Alberto Giacometti yn syn karriêre makke sintraal. De film nimt de sjogger mei yn de gaoatyske geast fan de keunstner en it ta stân kommen fan in masterwurk.

Icons
Mei Icons: topstkken út de National Portrait Gallery komt de poerbêste kolleksje (sels)portretten foar ien kear fan Londen nei Nederlân. Icons toant skilderijen, foto’s, bylden, printen en tekeningen fan bûtengewoane ynternasjonale keunstners, fan Peter Paul Rubens en Anthony van Dyck oant Andy Warhol en Marlene Dumas. Under de goed hûndert wurken binne wrâldneamde ikoanen as Keninginne Elizabeth I, William Shakespeare, Audrey Hepburn, David Beckham en Malala Yousafzai.

septimber 11, 2021 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.