Ien op de trije Fryske brulloften ferset

septimber 14, 2021 08:46 Fernijd

Fan alle Fryske breidspearen besleat ien op de trije om dit jier de brulloft te fersetten (34,2%). In treddepart dêrfan is sels faker as ien kear ferset. Dat en mear docht bliken út in enkête fan ThePerfectWedding.nl ûnder 1.500 Nederlânske breidspearen.

Foto: pixabay.com

Troch de koroanamaatregels binne der fan it jier beheinde mooglikheden foar brulloften. Lange tiid wie de hoareka ticht, wat in wichtige reden blykt foar it fersetten fan in brulloft. Fryske breidspearen fine it benammen wichtich dat se proaste kinne mei gasten en hoopje dat de oardelmeterregel skrast wurde kin.

Rûzje fanwege koroanamaatregels
It oanpassen fan in brulloft op de koroanamaatregels soarget geregeld foar skeel of sels rûzje. Fryske breidspearen fernimme dat foaral mei gasten: 16,7% fan de spantsjes hat skeel hân mei gasten fanwege it testen foar tagong.

Koroanamaatregels foar Nederlânske brulloften faak ûndúdlik
Foar trijefearn fan de Nederlânske breidspearen wiene de koroanamaatregels ûndúdlik, wat it kiezen foar plannen of ferpleatsen fan in brulloft lestich makket. Tagelyk docht bliken dat lokaasjes en gemeenten ek net altyd lykje te witten hoe’t it sit: de helte fan de breidspearen fernimt dat lokaasjes ferskillend mei de maatregels omgean.

Undersyksopset
Ferline jier hold ThePerfectWedding.nl al in enkête om in better byld te krijen fan hoe’t breidspearen mei harren plande brulloft yn koroanatiid omgeane. In jier letter en in protte feroaringen yn ’e koroanamaatregels fierder, wie ThePerfectWedding.nl benijd hoe’t breidspearen der no yn steane. Yn totaal wurken goed 1.500 breidspearen oan it ûndersyk mei.

septimber 14, 2021 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.