‘Icons’ yn Frysk Museum op 11 septimber fergees te besytsjen

septimber 5, 2021 08:33

De útstalling Icons: topstikken út de National Portrait Gallery, dy’t op sneon 11 septimber yn it Frysk Museum iepene wurdt, is dy deis fergees te besytsjen. Yn ’e útstalling binne de wichtichste masterwurken út de kolleksje fan de renommearre National Portrait Gallery út Londen te sjen. Foar ien kear geane dy hichtepunten út de portretkeunst nei Nederlân. Om de útstalling feestlik yn te lieden, biedt it museum op 11 septimber trochrinnend in fergees programma oan, mei ûnder oare muzyk, films en portrettekenles. Wol moatte besikers in kaartsje reservearje fia friesmuseum.nl/tickets.

Utstalling ‘Icons’ (bylden: ©The National Portrait Gallery)

By museumkafee Thús wurde Ingelske gerjochten optsjinne, lykas fish & chips, scones mei selsmakke jam en lemoncurd of in high tea.

Icons beslacht fiif iuwen oan skilderijen, foto’s, bylden, printen en tekeningen fan bûtengewoane ynternasjonale keunstners, fan Peter Paul Rubens en Anthony van Dyck oant Andy Warhol en Marlene Dumas. Under de goed hûndert wurken binne wrâldferneamde ikoanen as William Shakespeare, Prinses Diana, Nelson Mandela, The Beatles en Margaret Thatcher. By de útstalling ferskynt in audiotoer en in ryk yllustrearre boek fol eftergrûnferhalen oer de talrike histoaryske en eigentiidske ferneamde minsken út Icons.

De útstalling wurdt organisearre troch de National Portrait Gallery, Londen en it Frysk Museum.

Utstalling ‘Icons’ (bylden: ©The National Portrait Gallery)

septimber 5, 2021 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.