Himmelaksje Iselmar yn oktober

septimber 23, 2021 08:51

Hoe skjinner de Iselmar is, namste better foar alle libben. Dêrom sette de gearwurkjende partijen fan ‘Gjin sânyndustry Iselmar’ mei it Suderseelyseum en oare organisaasjes yn oktober de Himmelaksje Iselmar op tou, in grutte himmelaksje fan de kust.

Foto: Wikipedia/Ilonamay – CC BY-SA 3.0

De Iselmar is in prachtich natuergebiet en dat moat fansels sa bliuwe. Elkenien hat wol foto’s sjoen fan bisten dy’t finzen sitte yn plestik. It bestean fan fisken en fûgels en alle oare libben yn en om de mar hinget fan in skjinne omjouwing ôf.

It doel is om de hiele Fryske Iselmarkust skjin te meitsjen op de plakken dêr’t it nedich is en dy’t berikber binne. Oktober is in geskikte tiid om te himmeljen, nammentlik nei it toeristeseizoen. De reidfjilden binne noch net troch te kommen en op guon plakken soene de fûgels te folle fersteurd wurde. Dat wurdt yn maart oanpakt.

De organisaasjes dy’t de skouders ûnder de aksje sette binne: It Fryske Gea, Natuermonuminten, Steatsboskbehear, Mar en Klif, Stichting Gaasterlân Natuerlân, de Iselmarferiening, Bosk en Greide, Zuyderzee Lyceum, Aksjegroep Murns/Aldemardum, IVN en Vogelbescherming Nederland. Organisaasjes dy’t har noch oanslute wolle binne wolkom.

Sjoch ek op: www.geenzandindustrieijsselmeer.nl.

septimber 23, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.