‘Herberch fan Smellingerlân’ siedt iten op lêste Blommeparadyske Streekmerk

septimber 15, 2021 08:49

Dit jier binne in protte minsken op de Streekmerk fan it Blommeparadyske yn Kollum yn ’e kunde kommen mei lokaal lekker iten út De Wâlden. It blykt in sukses, in protte minsken komme dêr te boadskipjen en kenne it gesicht en it ferhaal efter de produkten. Lokale hoarekagelegenheden keapje ek geregeld op de merk en ferwurkje de kwaliteitsprodukten yn harren gerjochten. Dêrom makket De Herberch fan Smellingerlân út De Rottefalle iten klear mei ferskate streekmerkprodukten op de lêste Streekmerk fan 2021 op sneon 25 septimber 2021. De merk wurdt fan 11.00 oant 15.00 oere oan Paradyske 3 te Kollum holden.

Foto: Sake Beerstra

Freddy Bult fan Herberch fan Smellingerlân is optein oer de opset en de produkten, en hat sels ek iten op de merk kocht. Sjef-kok Kees Meinderts fan De Herberch komt spesjaal mei en makket dan fan it lokale iten fan de merk hearlike kulinêre hapkes. “Wy brûke in seleksje fan de produkten en meitsje dêr lytse hapkes fan. Net te yngewikkeld; dat past by winkeljend publyk op in merk. Wy sille der wat moais fan meitsje en takom jier komme we hooplik werom mei nije ferrassende resepten, fansels op it oanbod fan de merk ôfstimd”, seit sjef-kok Kees.

Fierder kin elkenien de 25e septimber by de Hearen fan FruitSap, dy’t in eigen kream op de merk hawwe, fan eigen fruit sop parsje litte.  Tjerkje van der Laan fan it Blommeparadyske: “Dus kom en priuw, ûnderfyn en gean mei in lekkere foarried produkten de winter yn.”

Yn 2022 giet de Streekmerk wer fierder
Takom jier is der fan april oant en mei septimber op de fjirde sneon fan ’e moanne de Blommeparadyske Streekmerk.

septimber 15, 2021 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.