Henk Wolf: ûnnatuerlik sjoernalistyk Frysk

septimber 10, 2021 12:28

As ik Frysktalige nijsartikels lês, dan falt my hast alle kearen wer op hoe’n grut nivoferskil oft der tusken it iene stik en it oare bestiet. De ferskillen binne folle grutter as tusken samar twa Nederlânsktalige stikken.

Dat is op himsels net sa gek: it Frysk mei as literatuertaal dan in aardige tradysje ha, as sjoernalistike taal moat it him noch ûntwikkelje en dat makket dat sjoernalisten sels nije paden troch de taal fine moatte om nijtsjes te fertellen. Dat freget om kreätive feardichheden dy’t se net op skoalle leard ha – en de ien is dêr fan natuere betûfter yn as de oar.

Dat nijs-Frysk op it stik fan typysk sjoernalistike formulearringen wolris wat te bot oerhinget nei it Nederlânsk of just nei wurdsjebakkerij, dat wol ik dan ek wol oersljochtsje. Wat lykwols stean bliuwt, is it Frysk dat net ûnnatuerlik hoecht te wêzen, dat in flugge ien-op-ienoersetting út it Nederlânsk liket te wêzen, wylst de sljochtweihinne Fryske sprek- en skriuwtaal alternativen hat dy’t net allinne gever binne, mar ek in stik gewoaner. Lit my ris in pear foarbylden neame oan ‘e hân fan ûndersyk dat ik dien ha.

Frou

As ik op de website fan Omrop Fryslân op it wurd ‘frommeske’ sykje, dan fyn ik dat dat 32 kear foarkomt, wêrfan 31 kear yn in kollum. Fan al dy tûzenen nijsartikels brûkt dus mar ien dat o sa gebrûklike Fryske wurd. It synonym ‘frou’ komt hast sechstjin tûzen kear foar. No haw ik tafallich ûndersocht hoe’t dat yn ‘e sprektaal giet: de wurden ‘frou’ en ‘minske’ komme yn de betsjutting ‘froulik minskepersoan’ sawat like faak foar en it wurd ‘frommes(ke)’ is justjes minder gebrûklik, mar komt ek noch aardich faak foar. De persintaazjes binne sawat 40-40-20. Al dat ge-‘frou’ fan de Omrop moat wol stjoerd wêze trochdat it Nederlânsk allinne mar ‘vrouw’ hat. Yn ‘e sprektaal en de literêre skriuwtaal wikselje ‘frou’, ‘frommes(ke)’ en ‘minske’ inoar ôf, de sjoernalistike Fryske skriuwtaal kin dat gebrûk maklik neifolgje.

Bern-jong-folwoeksen-âld

In oare saak: sjoernalistyk Nederlânsk makket in strak ûnderskied tusken ûnfolwoeksen en folwoeksen minsken: ien is in ‘jongen’ of in ‘man’. Yn it Frysk is dat oars, dêr wurdt in fjouwerdieling makke: bern-jong-folwoeksen-âld. In manspersoan fan in jier of tweintich âld is yn it omgongstalige Frysk gjin ‘jonge’ of ‘man’, mar bygelyks in ‘jongkearel’ of in ‘jongfeint’. Dat haw ik fûn yn spontane sprektaal en ek nochris yn in ûndersyk ûnder mear as twahûndert Frysktaligen. Doch komt ‘jongfeint’ by Omrop Fryslân mar 26 kear foar – en dan ek noch faak yn de namme fan de ‘Jongfeintepartij’ by it keatsen. ‘Jongkearel’ komt helendal net foar, ‘jongkeardel’ santjin kear en ‘jongfaam’ presys ien kear – yn in kollum.

Foar âlde minsken jildt wat ferlykbers: it Fryske gebrûk is om minsken op jierren as sadanich te beneamen, dat hat sawol myn ûndersyk yn sprektaal as myn enkête ûnder Frysktaligen sjen litten: it is nuver om in âldbaas fan fiifentachtich as ‘in man’ oan te tsjutten – of syn oarehelte as ‘in frou’. Doch komt ‘âldbaas’ yn al dy tûzenen nijsartikels fan de Omrop net ien kear foar, ‘âldman’ mar twa kear, ‘âldminske’ nul kear en ‘âldwyfke’ ek nul kear. De oersetters lykje net út it libbene Frysk wei te tinken, mar foaral de moade yn sjoernalistyk Nederlân te folgjen.

Frou Poepjes

Formeel Nederlânsk makket in ûnderskied tusken ‘de heer Jansen’ en ‘mevrouw Jansen’ – en yn krantestikken wurde dy allebeide maklik ta ‘Jansen’. It Frysk wurket oars: in manminske wurdt mei de fan oantsjut: ‘Jansen’, by in frommeske is it nuver om dat sûnder ‘frou’ of de foarnamme derby te dwaan. Mar leafst 76 persint fan de Frysktaligen dy’t yn it Frysk kieze moatte tusken ‘Poepjes’ en ‘frou Poepjes’ om in foto fan ús kultuerdeputearre te beskriuwen, kiest foar ‘frou Poepjes’. Doch hat de Omrop it op syn website allegeduerigen – op syn Nederlânsk – oer ‘Poepjes’.

Sjoernalistyk Frysk leare

Sokke flaters – want sa mei men se wol neame – binne amper ôf te learen as jo mei it wurdboek yn ‘e hân oersette. Se ûntsteane trochdat ferslachjouwers sjoernalistyk Frysk bouwe op de basis fan sjoernalistyk Nederlânsk, net op basis fan it libbene folks-Frysk. Wat der dan op papier of op it skerm ferskynt, is net de taal dy’t sa weardefol is omdat er in eigen karakter hat, in eigen manier fan tinken en útdrukken – dy’t in spegel is fan in kultuer en dy’t dêrom it bewarjen en stypjen wurdich is. Nee, it binne it tinken, de kultuer en de sjoernalistike moade fan it Nederlânsk, sa goed mooglik útdrukt yn Fryske wurden – in houtene tuskenbeiden taal dy’t foar sawol Nederlânsktaligen as foar Frysktaligen yn wêzen ûneigen is. Dat dy taal sa faak te lêzen is, lit sjen dat der ferlet is fan in oplieding foar Fryske sjoernalisten – want ek it skriuwen yn jins memmetaal moat men leare.

septimber 10, 2021 12:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan Abbema septimber 11, 14:01

    Moai stik! Jo ferwurdzje hiel goed it gefoel dat ik by it skreaune Frysk gauris ha.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.