Help by it restaurearjen fan agrarysk kultuerlânskip

septimber 15, 2021 10:32

Opknappen fan in dykbiotoop. Foto © Prov. Fryslân

Foar it it restaurearjen en ynrjochtsjen fan it agrarysk kultuerlânskip lykas boerehiemen, wâlkanten, beamwâlen, elzesingels, greppellân, krûderyk gerslân, histoaryske paden of diken hat de provinsje Fryslân in subsydzjeregeling. Der is € 3.120.000 beskikber, ôfkomstich út eigen budzjet en Europeeske middels.

Oanslutend op de tematyske struktuerfyzje Grutsk op ’e Romte wurket de provinsje gear mei agraryske kollektiven en provinsjale lânskipsorganisaasjes oan de Fryske brede wolfeart.

“Dêr bringe we it ‘Ferhaal fan Fryslân’ goed mei foar it fuotljocht en fersterkje we it Fryske agrarysk kultuerlândskip mei”, seit deputearre Fokkinga. De provinsje wol sa it lânskip oanlokliker meitsje: mear natuer en bioferskaat.

De subsydzje is fan 4 oktober 2021 oant 8 novimber oan te freegjen by it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN). https://www.snn.nl/. De tekst oer de subsydzjemooglikheden is te rieplachtsjen op: Plattelandontwikkelings-programma (POP) | Fryslan.

Ynspiraasje foar Frysk agrarysk kulteurlânskip stiet yn de struktuerfyzje Grutsk op ‘e Romte.

Ynformaasje oer agraryske kollektiven en provinsjale lânskipsorganisaasjes is te finen op Kollektiveberied Fryslân (kbf.frl) en www.lbf.frl

septimber 15, 2021 10:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.