Hechte gearwurking tusken It Fryske Gea en VanOns

septimber 26, 2021 09:58 Fernijd

Fan It Fryske Gea

foto © It Fryske Gea

It Fryske Gea wol bydrage oan de lanlike doelstelling om neffens 1990 foar 2030 49% minder CO₂ út te stjitten. Foar de tweintich bedriuwsgebouwen en (publike) lokaasjes brûkt de natuerorganisaasje dan ek griene enerzjy. Stroom en gas wurde levere troch Energie VanOns, in organisaasje dy’t ek advisearret oer duorsume ûntwikkelingen op it mêd fan mobiliteit.

De stroom fan Energie VanOns wurdt lokaal wûn troch goed hûndert enerzjykoöperaasjes yn de fjouwer noardlike provinsjes en de Noardeastpolder. Dy koöperaasjes meitsje sels út hoe’t se dat dogge. De lokale griene stroom foar It Fryske Gea wurdt wûn troch in protte grutte en lytse sinne- en wynparken yn Fryslân lykas dy fan It Amelân, Garyp en Gytsjerk. De opbringsten fan sokke lokale koöperaasjes wurde bestege oan duorsume projekten yn de regio.

septimber 26, 2021 09:58 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.