Grutste eksposysje fan keunstner JR yn Grinzer Museum

septimber 26, 2021 08:46 Fernijd

It Grinzer Museum pakt fan 20 novimber 2021 o/m 12 juny 2022 grut út mei JR: Chronicles, oersjoch fan it wurk fan de Frânske byldzjend keunstner JR. Mei muorrekollaazjes, foto’s, fideo’s en argyfmateriaal is it de earste museale útstalling fan JR yn Nederlân. De eksposysje jout in goed byld fan syn bjusterbaarlike karriêre: fan de ierste graffitykeunst dy’t er as tsiener yn Parys makke oant syn maatskiplike projekten en grutskalige arsjitektoanyske yntervinsjes yn stêden oer de hiele wrâld.

‘Dune generation’, Byron Paris (foto: © JR-ART.NET, boarne: Groninger Museum)

Yn de ôfrûne twa desennia hat JR de betsjutting fan keunst yn de iepenbiere romte fergrutte troch syn ambisjeuze maatskiplik engasjearre projekten. As fotograaf jout er sawol sichtberens oan ferskate minsken en mienskippen oer de hiele wrâld, as ek ynsjoch yn harren problematyk. Troch de klam op dy skynber ûnsichtbere minsken te lizzen, kreëarret JR in platfoarm foar harren ferhaal. De yndividuele portretten reprodusearret JR op monumintale skaal om se dêrnei – soms yllegaal – yn de iepenbiere romte yn ferskate diminsjes op te plakken. De projekten fan JR toane de mearkleurige stimmen fan aldendeiske minsken en ûnderstreekje syn ynset foar mienskip, gearwurking en dialooch.

‘Women are heroes action’, Rio de Janeiro (foto: © JR-ART.NET, boarne: Groninger Museum)

Katalogus
By de eksposysje is de katalogus JR: Chronicles te keap, sawol yn it Nederlânsk as it Ingelsk. Dy wurdt útjûn troch WBOOKS en is ûnder oare yn de museumwinkel te keap. De priis is € 29,95.

Gearstalling
JR: Chronicles is organisearre troch it Brooklyn Museum. Hy is gearstald troch Sharon Matt Atkins, direkteur keunst, en troch Drew Sawyer, Philip Leonian en Edith Rosenbaum Leonian, kurator fotografy, Brooklyn Museum.

‘Inside out’ op Times Square (foto: © JR-ART.NET, boarne: Groninger Museum)

Râneprogramma
Lykas JR sels wurket it museum ek bûten de eigen muorren en behellet it stêd en regio by in grut partisipatyf keunstprojekt. Dêrtroch ûntstiet in poadium foar fotografy, strjitkeunst en graffity. Dêrby wurdt gearwurke mei kulturele ynstellingen en ynwenners fan de stêd. In wichtich ûnderdiel dêrfan is JR’s Inside Out, dêr’t Grinzers yn portrettearre wurde.

‘Migrants Mayra Picnic’ (foto: © JR-ART.NET, boarne: Groninger Museum)

septimber 26, 2021 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.