Grut ferskil yn oanpak minne behearsking Frysk en Nederlânsk op skoalle

septimber 29, 2021 10:46
boarne: pixabay.com

It fak Frysk stelt op in protte skoallen al tsientallen jierren te min foar, mei as resultaat dat in protte bern it Frysk ûnfoldwaande behearskje. Foar it fak Frysk is te min tiid beskikber, te min leararen behearskje de taal sels goed genôch en it Frysk wurdt op de measte skoallen net of amper as fiertaal brûkt. Skoallen hawwe yn 2018 op ‘e nij tolve jier de tiid krigen om dêr wat oan te dwaan. Earder hat de polityk ek al besocht om skoallen sels it probleem oplosse te litten. Sa waarden de kearndoelen foar it fak Frysk yn 2005 flink ferlege. Tusken 2010 en 2018 hat de ûnderwiisynspeksje sels hielendal net nei it Frysk sjoen.

Hoewol’t de provinsje Fryslân it Frysk en it Nederlânsk as lykweardich beskôget, is ferline jier yn Ljouwert foar bern dy’t it Nederlânsk net foldwaande behearskje in plan betocht dat der hiel oars útsjocht. “Kansen voor kinderen” hjit de aksje, in gjalp dy’t liket op “Frysk: in bernerjocht” fan Sis Tsiis, de aksjegroep dy’t opkomt foar bettere lessen Frysk.

It doel fan “Kansen voor kinderen” is lykwols net dat skoallen tolve jier wachtsje en sels de problemen oplosse. De kommende acht jier stelt de gemeente Ljouwert ekstra jild beskikber foar it ferbetterjen fan de Nederlânske taalfeardigens fan bern, sa makke wethâlder Hilde Tjeerdema hjoed buorkundich. Op de saneamde yntegrale bernesintrums wurdt byles jûn. De sintrums krije no ekstra jild om minsken oan te nimmen. Fierder wurdt de behearsking fan it Nederlânsk fan bern al fan twa jier ôf folge, sadat se passende bystjoering krije kinne.

Omrop Fryslân berjochtet nuver genôch oer de maatregels mei it wurd ‘taalefterstân’ dat de gemeente brûkt, sûnder it deroer te hawwen dat it allinne oer it Nederlânsk giet, mar net oer it Frysk. Doe’t de Ried fan de Fryske Beweging ferline jier pleite foar bylessen Frysk, hie de Omrop it net oer ‘taal’, mar skreau er: “Ekstra Frysk yn de simmer om efterstannen yn te heljen”.

De yntegrale bernesintrums yn Ljouwert litte ek dúdlik fernimme dat se it Frysk skouderje: harren websteeën binne ientalich Nederlânsk, sels it webstee fan it sintrum yn Wytgaard.

septimber 29, 2021 10:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.