Gjin organisearre betinking op it Reaklif
Resint ferskynd
Sneon 25 septimber, de sneon fuortby Leaffrouwedei, is de dei fan de betinking fan de Slach by Warns (26 septimber 1345). Hoewol’t op dy dei wer nije koroanamaatregels yngeane, wurdt it der foar de organisatoaren fan de jierlikse betinking op it Reaklif net makliker op. De betinking by it monumint soe as in evenemint beskôge wurde moatte, dêr’t de koroanapaskontrôle op fan tapassing is.
It Stiftingsbestjoer hat besletten om de minsken dy’t op 25 septimber foar de betinking op it Klif komme, net om in koroanapas te freegjen. Kontrôle op de trochgeande iepenbiere wei, mei ek toeristen ûnderweis, is gjin dwaan. Elkenien is fansels frij om efkes del te kommen.
Minsken kinne inoar by de stien ynformeel moetsje en sa kin der op oare wize omtinken wêze foar de beliedsmjittige posysje fan de Fryske mienskip. Dat soks noch altiten nedich is, bewiist bygelyks it koartlyn presintearre dokumint Bouwstenen voor het Deltaplan. Yn dat wichtige plan spilet de Fryske mienskip mei eigen taal en kultuer gjin inkelde rol. It dokumint hie likegoed foar Limburg of oare gebieten bûten de Rânestêd skreaun wêze kinnen.
Lykas yn foargeande jieren komt op 25 septimber de flagge heech oan de mêst en is 13.45 oere in momint foar besinning.
Bestjoer Stifting Slach by Warns
Gewoon jammer dat der gjin betinking is…..