Gjin Fryske tolken mear yn rjochtbank fanwege minne fergoeding

septimber 23, 2021 08:44

Wa’t him foar de rjochtbank of it gerjochtshof yn Ljouwert yn it Frysk uterje wol, treft net fanselssprekkend mear in rjochter of offisier fan Justysje dy’t him begrypt. Sûnt tiisdei binne der gjin Fryske tolken mear. Fedde Dijkstra is dermei opholden om’t de fergoeding net heech genôch is. De twa oare tolken, Ammerins Moss-de Boer en Stephan Berger slute har by him oan.

Gerjochtshôf yn Ljouwert (foto: Wikimedia Commons/Crazy Phunk – CC BY-SA 3.0)

Dijkstra fan Wurdum sit yn it bestjoer fan de Oarder fan Rjochtbanktolken en -oersetters, dy’t al in skoft foar in bettere beleanning foar tolken striidt. Foar eltse rjochtsaak dêr’t in tolk foar ynskeakele wurdt, kin it Iepenbier Ministearje ûnderhannelje oer de hichte fan de fergoeding. Der is in minimumtaryf, mar noasket it IM dat bedrach net, dan kin it derfoar kieze in oare tolk yn te skeakeljen. De oare Fryske rjochtbanktolken binne bang dat de ûnderhannelingen derta liede dat de fergoeding te leech útfalt. Sy litte har no ek net mear ynhiere.

“Of men soarget derfoar dat alle rjochters yn Ljouwert de Fryske taal behearskje, of men betellet de tolken in earlik taryf”, seit advokaat Tjalling van der Goot fan Ljouwert. “It is wichtch dat men by de eigen taal bliuwe kin: minsken moatte net nei wurden sykje. As der gjin tolk is, betsjut it dat it Frysk yn de rjochtsaak útholle wurdt.” By it heger berop yn de rjochtsaak tsjin in stikmannich Friezen dy’t anty-swartepytdemonstranten op de sneldyk tsjinholden hiene, ferstiene de rjochter en de oanklagers gjin Frysk. Doe’t haadfertochte Jenny Douwes it lêste wurd krige, koe se har net goed útdrukke.

Santich jier nei Kneppelfreed
Santich jier lyn waard it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal by wet fêstlein. Dat wie nei oanlieding fan Kneppelfreed. In feedokter fan It Hearrenfean moast him foar it kantongerjocht ferantwurdzje foar in ferkearsoertrêding, mar mocht dat net yn it Frysk dwaan. De saak eskalearre; op freed 16 novimber 1951 ûntstie in fjildslach tusken Fryske demonstranten en de plysje by it gerjochtshof yn Ljouwert.

Dijkstra hat woansdei oerlein mei deputearre Poepjes en fertsjintwurdigers fan de politike partijen yn ’e Steaten. Minister Ferd Grapperhaus fan Justysje kin Keamerfragen ferwachtsje oer it ûntbrekken en goed beteljen fan Fryske rjochtbanktolken. Dêrnjonken sil deputearre Sietske Poepjes der ek by it reagear op oanstean dat der in fatsoenlike fergoeding komt.

Romke de Jong (D66) fan De Gordyk en Gert-Jan Segers (ChristenUnie) wolle Keamerfragen stelle oer it ûntbrekken fan Fryske tolken yn it rjochtsferkear. De FNP hat holpen om de fragen op te stellen. Hja wolle witte oft de minister ree is om konkrete ôfspraken fêst te lizzen oer tolken yn in bestjoersôfspraak. It brûken fan it Frysk soe ek befoardere wurde kinne troch ôfspraken te meitsjen mei de rjochterlike macht oer de aktive of passive behearsking fan de taal.

“It giet om it Frysk, blinder. Ik tink dat de polityk hjir oan it wurk moat. De tolken moatte better betelle wurde. It is nommel en respektabel wurk”, seit deputearre Poepjes. Hja besiket konkreet te meitsjen wat it Frysk praten foar minsken betsjutte kin. “As kwetsber persoan moatte je jesels yn it Frysk útdrukke kinne. As in rjochter je net begrypt, stean je al op efterstân. Dêr giet it my as bestjoerder en as Fries om. It Frysk moatte je net inkeld efter de eigen foardoar sprekke meie.”

septimber 23, 2021 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.