FryslânDOK: ‘Dolf Verroen – it bern, de skriuwer’
Resint ferskynd
- Ynklusive taal 0
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0
Yn novimber 2021 ferskynt in nij boek fan Dolf Verroen: Feestelijk maar vreselijk. Dizze kear gjin berneboek, mar syn memoires, yn de foarm fan persoanlike oantinkens oan skriuwers. It jout in ferrassend ynkykje yn de literêre rûnten fan de twadde helte fan de 20ste iuw. Dolf Verroen is hast 93 jier en hat mear as 100 berneboeken op syn namme stean. Karen Bies makke foar FryslânDOK in portret fan him. Te sjen op sneon 2 oktober by NPO2 en op 3 oktober bij Omrop Fryslân.
As bern wist Dolf Verroen (Delft, 20 novimber 1928) al, dat er skriuwer wurde woe. Syn mem drukte him op it hert dat er dêr net bysûnder genôch foar wie. Syn heit tocht dat mei it skriuwerskip gjin drûch brea te fertsjinsjen wie, en regele in baantsje by de Gist- en Spiritusfabriek. Dat noait, tocht Dolf. Hy gie der net hinne.
It wie flak nei de oarloch. Dolf kaam fan de middelbere skoalle en besleat nei Parys te gean. Dêr begûn foar him de frijheid, dêr soe er it libben ûntdekke. En it slagge him dóchs om skriuwer te wurden. Hy begûn mei koarte stikjes en ynterviews mei skriuwers foar de krante, en weage him doe sels oan proaza. Fan de santiger jierren ôf lei er him ta op berneboeken.
Jeugdoantinkens
Yntusken hat Dolf Verroen 108 boeken op syn namme stean. Hy is de âldste aktive berneboekeskriuwer fan Nederlân. Yn Oorlog en Vriendschap (2016) en Niemand ziet het (2019) ferwurket er syn jeugdoantinkens. Syn ferbeane freonskip mei in klasgenoat fan wa’t de âlden by de NSB sieten, en de ûntdekking dat er op jonges falt, wit er op oandwaanlike wize te beskriuwen. Dizze boeken foarmje úteinlik de opmaat nei Feestelijk maar vreselijk.
Dolf wennet mei syn man Gerard Hemmes al hast fjirtich jier yn Fryslân. Yn de FryslânDOK ‘Dolf Verroen – it bern, de skriuwer’ sjogge we Dolf as er foar it earst sûnt koroana wer op skoalbesite giet. Mei Gerard giet er foar syn nije boek nei útjouwerij Leopold yn Amsterdam, de útjouwerij dy’t er al 65 jier trou is. En yn harren hûs yn Sint-Nyk nûgje se graach befreone skriuwers út. Dolf Verroen is op syn 93ste net allinnich in aktyf skriuwer, mar hat dêrby ek in drok sosjaal libben. Ut al dy moetings mei skriuwers hat er sûnt de fyftiger jierren wiidweidich putte kinnen foar syn nije boek.
FryslânDOK: ‘Dolf Verroen – it bern, de skriuwer’
Sneon 2 oktober, 15.30 oere, NPO2 (werhelling snein 3 oktober 13.10 oere);
Snein 3 oktober, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje