Fryslân op ’e kaart op World Circular Economy Forum

septimber 10, 2021 10:29

Op it World Circular Economy Forum (WCEF), dat op 15 september 2021 yn Amearika holden wurdt, sil John Vernooij, foarsitter fan de Feriening Sirkulêr Fryslân (VCF), sprekke oer de sirkulêre ekonomy yn Fryslân en Noard-Nederlân.

It WCEF presintearret de opfallendste en belangrykste oplossingen foar de sirkulêre ekonomy fan de hiele wrâld oan bedriuwslieders, beliedmakkers en eksperts oeral wei. It WCEF2021 wurdt foar de earste kear organisearre. It sil nije insichten yn de sirkulêre wrâld nei foaren bringe, de klam lizze op it krúsjale belang fan de sirkulêre ekonomy om klimaatferoaring te bestriden, it brûken fan grûnstoffen te ferminderjen en bioferskaat te beskermjen.

John Vernooij set op it foarum de VCF op ’e kaart as koprinner op sirkulêr mêd yn Nederlân en Europa. De VCF falt mei syn unike oanpak wrâldwiid op mei de ynspirearjende gearwurking tusken ûndernimmers, oerheden en ûnderwiis yn Fryslân. De sirkulêre oanbesteging fan it nije Fryske brêgebetsjinningssintrum ‘It Swettehûs is op it stuit it ikoanprojekt.

Oare Nederlânske sprekkers binne Tjisse Stelpstra, deputearre fan de provinsje Drinte, Cora Smelik, deputearre fan de provinsje Flevolân, en Arnout Passenier, adviseur foar de sirkulêre ekonomy foar de minister fan Milieu. Dy sille it hawwe oer de koprinnersposysje fan Nederlân op it mêd fan de sirkulêre ekonomy yn Europa en de gearwurking tusken lannen en regio’s.

WCEF2021 wurdt online organisearre en de livestream kin bywenne wurde nei registraasje op www.wcef2021.com.

septimber 10, 2021 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.