Fryslân is ta oan in eigen Grûnwet

septimber 22, 2021 19:49

Ynstjoerd

Wat falt jimme op by ûndersteand rychje ‘lannen’?

 

 

 

 

 

 

 

Der binne fiif soevereine steaten yn Europa mei minder ynwenners as Fryslân. Fan dy fiif hawwe fjouwer in oerflak dat lytser is as Fryslân. ‘Soeverein’ betsjut dat men yn frijheid beslute kin oer jins eigen dingen. Dat soe yn saken fan ierdgaswinning, romtlike oardering (tink oan de Lelyline en dy idioate wentebouplannen), de Fryske taal en it ûnderwiis yn de eigen skiednis in wrâld skele kinne. It betsjut ek dat sa’n mienskip de frijheid hat om him oan te sluten by ynternasjonale organisaasjes, lykas de Feriene Naasjes.

Der binne hiel wat regio’s yn Europa dy’t in dúdlik omskreaun eigen foech hawwe binnen de steaten dêr’t se yn lizze, lykas elts ‘Land’ (dielsteat) yn Dútslân, de kantons yn Switserlân en ek regio’s yn Italië, Spanje en it Feriene Keninkryk. Ik kom no net oansetten mei Wales en Skotlân, mar neam it eilân Man, mei in oerflak fan 572 km² en 90.499 ynwenners, likegoed in selsbestjoerende regio. Al dy soevereine steaten en regio’s mei selsbestjoer hawwe ek in konstitúsje (grûnwet) dêr’t de rjochten helder yn beskreaun binne. Al dy steaten en regio’s hawwe in grûnwet dy’t folslein frij is of gearhinget mei de grûnwet fan de steat dêr’t se yn lizze. Mar útdruklik mei dúdlik omskreaune eigen rjochten en plichten.

Allinnich Fryslân, perfoarst net it lytste yn dat selskip, is sûnt 1815 folslein ôfhinklik. Dat moat dus oars! Dat kin ek oars, as Friezinnen en Friezen it wolle. It hoecht ek net te betsjutten dat alle 650.000 ynwenners fan Fryslân meidogge. As der mar in grutte minderheid is dy’t it wól. It binne nea meartallen dy’t de wrâld feroarje, it binne altiten doelberette minderheden dy’t soks foarinoar krije.

Hjirby doch ik de tekst fan in ûntwerp fan Grûnwet dy’t ik skreaun haw. Dat like my needsaaklik ta, omdat wy dan in dokumint hawwe dêr’t oer praat wurde kin. Boppedat moat fan tefoaren dúdlik wêze hoe’t wy in ûnôfhinklik of semy-autonoom Fryslân ynrjochtsje wolle. It is fansels myn ferhaal, dat net sûnder meisprekken fan oaren yn Fryslân ynfierd wurde kin. It betsjut dat in soad minsken dêr allegearre oer meiprate kinne. It kin ek ynhâlde dat de definitive tekst oars wurdt. Ik rop eltsenien op om oan de diskusje mei te dwaan en ynbring te leverjen.

Der sil, om dy aksje goed fan ’e grûn te krijen, in Komitee Fryske Grûnwet foarme wurde moatte. As men út namme fan in komitee sprekt, dan hat dat wurd folle mear gewicht as dat men soks as ienling docht. Elts dy’t dêr niget oan hat, wurdt fan herten útnûge him of har op te jaan.

Kerst Huisman

Taheakke: Grûnwet (ûntwerp)

Kerst Huisman sil it boppesteande sneon 25 septimber op it Reaklif op it aljemint bringe. Sjoch ek ús eardere berjochten:
Gjin organisearre betinking op it Reaklif | It Nijs
https://www.itnijs.frl/2020/09/de-earste-stap-is-set-no-it-ferfolch/
https://www.itnijs.frl/2020/09/op-en-paad-foar-in-fryske-grunwet/
septimber 22, 2021 19:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. sybren septimber 23, 17:12

    Dit is feitlik in ûnôfhinklikheidsferklearring. Ik freegje my ôf oft dat foar guon minsten net te dryst is. Soe it fêstlizzen fan de prinsipes as doel net mear oanhing krije?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.