Fryske plysjes sjitte man dea dy’t har oanride wol

septimber 16, 2021 14:10

It gie need yn ‘e Wâlden fannacht. In man besocht om mei syn auto plysjes dea te riden dy’t him kontrolearje woene. Se hawwe him deasketten.

De plysjes diene mei oan in ferkearskontrôle by Hurdegaryp. Auto’s moasten oan ‘e kant set wurde. Ynstee fan te dwaan wat de plysjes him hieten, naaide de man dêr’t it om gie, lykwols út. Hy jeesde mei kûgelsfeart fuort en de plysjes setten him nei.

Yn Boelensloane sette de flechtfuottige autorider syn reau stil. Doe’t de plysjes út har auto kamen en op sines ta stoepen, ried de man lyk op har ta. Se skeaten him troch it rút fan syn auto hinne dea. Ferskate plysjeweinen binne skansearre rekke.

Wa’t man oft de woastling is, is net buorkundich makke, al dat er yn Fryslân wennet.

septimber 16, 2021 14:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.