Fryske Foarlêswike fan moandei 27 septimber o/m freed 1 oktober

septimber 16, 2021 08:17

Yn de lêste wike fan septimber geane hooplik goed 600 foarlêzers op ’en paad om rûnom yn ’e  provinsje foar te lêzen oan goed 12.500 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 20.000 eksimplaren fan it nije Tomkeboekje mei, dat de pjutten nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlders mei nei hûs ta krije. 

Boarne: Afûk

De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep/Afûk. De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Foarlêze op mear as 400 pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen 
Foar it earst hawwe mear as 400 lokaasjes har oanmeld foar de foarlêswike. Ungefear 250 gastâlders sille ek meidwaan. De Afûk hopet dat der echt foarlêzen wurde kin en dat koroana net opnij in spulbrekker is.

Tiid foar Tomke! 
It nije Tomkeboekje Tiid foar Tomke! is in spesjaal jubileumboekje, nammentlik nr. 25. It boekje stiet wer fol mei ferhaaltsjes en ferskes en der sit in jubileumspultsje by.

Tomkeboekjes yn it Biltsk
Foar de 10e kear komt it Tomkeboekje ek wer yn it Biltsk út. Sa kin de pjutten op it Bilt ek yn harren eigen taal foarlêzen wurde. In moai sukses en fan herte lokwinske! (Elts jier ferskine der ek Tomkeboekjes yn it Stellingwerfsk).

Keimpe de Krokodil 
Neist it Tomkeboekje is der yn de biblioteken noch in kadootsje te finen. It twadde Keimpe de Krokodil-boekje! Keimpe de Krokodil wol bern fan 4-8 jier (en harren âlders en learkrêften) oanmoedigje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Dêrmei wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. Yn it Keimpe-boekje ‘De winskmasine’ steane ferhaaltsjes om foar te lêzen en ek foar begjinnende lêzers om sels te lêzen.

Keimpe de Krokodil lit sjen dat it leuk is om Frysk te lêzen, en hielendal net yngewikkeld.

septimber 16, 2021 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.