Fryske Beweging wer libbensliif warber

septimber 20, 2021 12:01

No’t it derop liket dat de koroanaweach wat belunet, is it foar it Deistich Bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging lang om let mooglik om wer in tal aktiviteiten op priemmen te setten dy’t – as it heal kin – libbensliif plakhawwe. Dat docht bliken út syn lêste nijsbrief. Foar in breed publyk ornearre is op 27 novimber de Fedde Schurerlêzing, mei diskear trije sprekkers oer ‘Kneppelfreed 70 jier’: Sigrid Hemels, heechlearaar oan de Erasmus Universiteit, Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar en skriuwer-sjoernalist Abe de Vries.

Al earder, yn oktober, wurdt nei twa jier fannijs in (fysike) gearkomste foar it folsleine bestjoer, mei alle oansletten organisaasjes, organisearre. Wichtige te bepraten ûnderwerpen sille nei alle gedachten wêze it Deltaplan foar It Noarden – mei in nije spoarferbining nei de Rânestêd en grutskalige wenningbou – en de mooglikheden foar juridyske aksje om it Frysk op skoalle syn gerak krije te litten.

Allyksa yn oktober sil de foarsitter ôfreizgje nei in ynternasjonaal kongres oer taalbelied yn Switserlân. Yn septimber wie de Ried ek al oanwêzich by in kongres yn Triëst (Italië) fan de Federal Union of European Nationalities. Hâld foar mear ynformaasje oer al dy aktiviteiten It Nijs yn ’e gaten.

Klik hjir om it nijsbrief te lêzen: RIEDF-21004-Nieuwsbrief 7

septimber 20, 2021 12:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.