Frysk-Deenske partij SSW yn Dútske parlemint

septimber 28, 2021 17:01

De Friezen hawwe in stim yn it Dútske parlemint yn Berlyn, de Bûnsdei. Foar it earst yn sechtich jier hat de partij SSW, dy’t opkomt foar de belangen fan de Deenske en Fryske minderheid, meidien oan de lanlike ferkiezings. Listlûker Stefan Seidler komt yn it parlemint.

Hy foarmet dêrmei fierwei de lytste fraksje yn de Bûnsdei mei syn 735 sitten. Dat komt trochdat Dútslân in kiesdrompel fan fiif persint hat. Lytse partijen komme net maklik yn it parlemint. Yn in oerienkomst mei Denemarken hat Dútslân lykwols yn de jierren fyftich ôfpraat dat de kiesdrompel net jildt foar partijen dy’t de Deenske minderheid fertsjintwurdigje. Fan dy regeling makket de SSW no gebrûk.

Yn de noardlikste Dútske dielsteat, Sleeswyk-Holstein, is de SSW in bekende partij. Yn de folksfertsjintwurdigings fan gemeenten, kreisen en fan de dielsteat is de SSW fertsjintwurdige. Foar de rest fan Dútslân is de SSW lykwols in ûnbekende.

De 41-jierrige Seidler komt út Flensburch en heart by de Deensktalige minderheid yn Noard-Dútslân.

septimber 28, 2021 17:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.