Friezen yn Nederlân en Dútslân wurkje gear by assertiviteitstraining minderheidstaalpraters
Resint ferskynd

As op in ôfdieling fan njoggen meiwurkers trije it Hylpersk as memmetaal hawwe, trije it Frysk en trije it Hollânsk, dan wol dat net automatysk sizze dat alle trije talen like faak brûkt wurde. It Hollânsk sil nei alle gedachten mear brûkt wurde as it Frysk, en it Frysk mear as it Hylpersk.
Dat is spitich foar de talen en foar de meiwurkers sels. Foar de talen is it spitich, omdat dy folle minder te hearren en te lêzen binne as it oanpart sprekkers rjochtfeardigje soe. En talen dy’t minsken amper tsjinkomme, wolle en kinne se minder faak leare. Foar de minsken sels is it ek spitich, want it binne altyd deselden dy’t har oanpasse moatte en dy’t allinne yn útsûnderingssituaasjes har eigen taal brûke, sels yn it eigen taalgebiet.
Nedich is dat net altyd. As in kollega de taal net werompraat, mar him wol ferstiet, hoecht ien him net te ferbrekken. Dat jildt ek as de kollega de taal noch net goed ferstiet, mar dat wol leare wol. As minsken har dêr bewust fan binne, kinne se folle faker har favorite taal brûke. Dat jildt nammers net allinnich op it wurk, mar ek oan de kassa, by ferieningen en wêr eins net?
Om minsken en organisaasjes dy’t meartaligens en taalemansipaasje wichtich fine, te stypjen hat taalorganisaasje Afûk yn Ljouwert kursussen en learmateriaal ûntwikkele om de assertiviteit fan minderheidstaalpraters te ûntwikkeljen. Foar de Friezen yn Dútslân is dêr no ek in fariant fan ûntwikkele. Dêrfoar hat de Afûk gearwurke mei Henk Wolf, dy’t foar de Oldenburgische Landschaft yn Dútslân it Sealterfrysk stipet en ûndersiket. Ferline wike waard yn Boksum de earste ynterfryske trainingsdei jûn. Dêr diene Friezen út Nederlân en Dútslân oan mei. Nije wike is der wer in ynterfryske trainingsdei.
De kursus en de materialen meitsje diel út fan it ynternasjonale projekt Listen. Dêr dogge organisaasjes út seis Europeeske lannen oan mei. It projekt wurdt finansjeel stipe troch de Europeeske Uny.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje