Freddy de Haan fraksjefoarsitter FNP-Tytsjerksteradiel

septimber 21, 2021 09:38

Piet Reitsma (foto Tytsjerksteradiel)

Freddy de Haan (foto Tytsjerksteradiel)

De FNP yn Tytsjerksteradiel kriget in tydlike fraksjefoarsitter. Mei yngong fan 1 oktober leit Piet Reitsma dy funksje del, omdat er nei 12 jier ophâldt as riedslid. oer. Freddy de Haan sil foarearst oant de riedsferkiezingen yn 2022 de fraksjefoarsitter wêze.

De hiele fraksje stipet de kandidatuer fan De Haan, dy’t dwaande is mei syn twadde riedsperioade, wylst er dêrfoar al meidraaide yn de stipefraksje. Hy wie ek foarsitter fan de FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel. Hy is kontaktpersoan foar de doarpen Earnewâld, Jistrum, Sumar en Noardburgum. Reitsma hat alle betrouwen yn syn opfolger.

septimber 21, 2021 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.