Fotokriich Keunst út spultsjes

septimber 8, 2021 08:51

Boarne: Museum Belvédère

Byldzjende keunst spilet in wichtige rol yn kompjûterspultsjes. Der binne sels keunstners dy’t spesjaal foar firtuele wrâlden keunst meitsje.

Mei de útstalling Arranged Realism – Keunst út games (9 oktober 2021 o/m 23 jannewaris 2022) bejout Museum Belvédère him fan ’t hjerst op in folslein nij mêd: dat fan kompjûterspullen en firtuele realiteit. De eksposysje is in inisjatyf fan en wurdt ûntwikkele mei Merijn de Boer fan it yn Grins fêstige Indietopia, in platfoarm foar ûntwikkeling fan kompjûterspullen.

Yn ’e oanrin nei de útstalling organisearret Museum Belvédère mei him in fotowedstriid foar gamers. In sjuery fan trije fakfotografen selektearret trije dielnimmers dy’t harren wurken yn ’e útstalling toane meie. Der binne ek frijkaarten te winnen. Meidwaan kin oant 12 oktober 2021.

Mear ynformaasje oer de fotokriich.

septimber 8, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.