Foarstelling NBE en Stichting Vluchteling op Dei fan de Frede
Resint ferskynd
It NBE (Nederlânsk Blazersensemble), TivoliVredenburg en Stichting Vluchteling organisearje mei-inoar in wiidweidige fiering fan de wrâldwide Dei fan de Frede op tiisdei 21 septimber.
In bysûnder evenemint mei muzikanten fan oer de hiele wrâld, dy’t mei de Blazers sjen litte hoe wichtich oft – just no – frede is. It NBE hat gasten útnûge, resint of wat langer lyn flechte út oarlochsgebieten, om te sjongen, foar te dragen, te dûnsjen en mei-inoar te spyljen.
Sa binne der optredens fan Dudud-spiler Ghaeth Almaghoot, Ud-spiler Jaber Fayad (beide út Syrië), sprutsenwurdartyst Sholeh Rezazadeh (Iran), perkusjonist Seyed Pouriya Jaberi (Iran), strjitdûnser David Kitoyan (Armenië) én in spesjaal NBE-koar gearstald út sjongers fan Consensus Vocalis en sjongers út ferskate kultueren en wynstreken. Fia in ferbining op grut skerm spylje en sjonge muzikanten út konfliktgebieten mei it NBE op it poadium fan de grutte seal fan TivoliVredenburg yn Utert.
By it konsert wol it NBE ek alaarm slaan oer de minskeûnweardige situaasje fan minsken op ’e flecht oan de grinzen fan Europa en op oare plakken yn ’e wrâld. De blazers dogge mei oan de muzikale estafette tsjin de ûnferskillichheid. Sjoch foar mear ynformaasje op: alarmeuropa.nl.
Neist de fêste gearwurkingspartners fan it NBE – TivoliVredenburg en Stichting Vluchteling – binne de folgjende organisaasjes ek by Dei fan de Frede 2021 behelle: Alarm Europa, PAX (Fredeswike) en Stichting Vluchtelingen Toverfluit.
Dei fan de Frede – tiisdei 21 septimber, 20.00 oere yn Tivoli Vredenburg. Étoiles Électriques (electrifying soul from the Middle East) fersoarget in spetterjend foarprogramma fan 19.00 oant 19.30 oere yn de foyer. Bestel hjir kaarten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje