Fleet fan minsken ropt om ûnôfhinklikens Kataloanië

septimber 11, 2021 22:29
Foto: Unsplash / Külli Kittus

Yn de Katalaanske haadstêd Barcelona hat hjoed in grutte kloft folk de ûnôfhinklikens fan Kataloanië easke. Sa’n fjouwerthûnderttûzen minsken giene yn Barcelona de dyk op. Dat is goed fiif persint fan ’e folsleine Katalaanske befolking.

De befolking fan Kataloanië stimde yn 2017 yn in referindum foar ôfskieding fan Spanje. It sintrale regear yn Madrid woe dat lykwols net lije en erkende it referindum net. It doetiidske regear waard ûntbûn en hege politisy lykas de Katalaanske presidint yn ballingskip Carles Puigdemont, binne feroardiele of wurde socht foar har dielname oan it referindum.

11 septimber is in wichtige Katalaanske feestdei. De dei is begûn as betinking, om’t Kataloanië op 11 septimber 1714 troch Spanje ferovere waard en syn ûnôfhinklikens kwytrekke. Yn ‘e rin fan ’e iuwen hat de dei in feestlik karakter krige. Dochs wurdt er ek gauris brûkt om op ’e nij foar in eigen Katalaanske steat te demonstrearjen.

Nije wike prate de regearen fan Kataloanië en Spanje mei-inoar oer fergrutting fan de Katalaanske autonomy. It Katalaanske regear wol dat alle politisy dy’t noch fêstsitte, frijlitten wurde en dat Spanje dejingen dy’t noch socht wurde, graasje jout.

septimber 11, 2021 22:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.