Filtsjes om by de hoareka ‘mooi dyn aigen taal’ te praten

septimber 28, 2021 07:49

Dit berjocht is ek yn it Biltsk en it Frentsjerters te lêzen (sjoch ûnder de Fryske tekst)

Meartaligenskoördinator Gerard de Jong wie sneon 25 septimber yn it ramt fan de Europeeske Dei fan de Talen op paad mei filtsjes en rútstikkers. Hy bea de filtsjes en stikkers oan by twa hoarekabedriuwen en ien kulturele ynstelling yn Waadhoeke. Allegear om de fjouwer talen fan Waadhoeke, Nederlânsk, Frysk, Biltsk en Frjentsjertersk, yn it sintsje te setten. Dêr is it net mei dien. Oare saken wurde ek útnûge om de filtsjes oan te freegjen.

Foto: Joachim de Ruijter

Nije meartaligenskoördinator
Mei de toer troch Waadhoeke is der net allinnich omtinken foar de fjouwer talen dêr, mar sa kin de nije meartaligenskoördinator Gerard de Jong him ek rûnom ris foarstelle. De bedoeling is dat hy de talen mear sichtber makket en se fierder bringt. Dêrfoar wurket er gear mei it Taalplatfoarm Waadhoeke, dêr’t er sûnt dizze moanne foarsitter fan wurden is.

Op toernee yn Waadhoeke
Gerard de Jong gie mei in taske filtsjes en stikkers by Den Staten-Generaal yn Sint-Anne, de Teatertsjerke yn Wier en de Doelen yn Frjentsjer lâns. By Den Staten-Generaal plakten se de rútstikker fuort op de doar. Sa litte se sjen dat alle talen dêr praat wurde meie. “Wij fine ‘t mooi om met taal doende te wezen. Doe’t wij nag de Struverij waren, hadden wij ’n Bildts bôrd an de dyk met ‘Struverij en soa’ d’r op. Dat ‘soa’ betekent fansels ‘zo’, maar dat worde ok wel ’s ferkeerd begrepen! ’t Leverde mooi praat op”, sei útbaatster Sanne Feenstra.

By de Teatertsjerke krigen se ek in taske fan De Jong. Bestjoerslid Simy Sevenster is der wiis mei en lit witte se foar de folgjende foarstelling op te plakken. Se hat der wol in plakje foar. “En mei de filtsjes komt it ek wol goed; ek yn de teatertsjerke wurdt wolris in bierke dronken!”

De Doelen yn Frjentsjer wie de lêste bestimming fan de útdielaksje foar Europeeske Taledei. Der geane hjir hiel wat filtsjes trochhinne. Arjen Sybesma, de kok fan it restaurant, nimt de filtsjes, en ek de stikkers, graach yn ûntfangst. “Disse filtsys geve stòf tòt nadinken en praten. En dan fansels prate in de aigen taal. En ônze gasten kinne der ok nòg wat met winne. An su’n aksy doën wij fansels graag met.”

Europeeske Taledei
Europeeske Taledei wurdt sûnt 2001 alle jierren op 26 septimber fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Waadhoeke is in meartalige gemeente; it Taalplatfoarm Waadhoeke fynt dat de ynwenners dêr grutsk op wêze meie. It platfoarm starte dêrom ferline jier in kampanje ‘Mooi dyn aigen taal’ om de taal sichtberder te meitsjen en de ynwenners witte te litten dat se net te benaud wêze moatte om harren eigen taal te praten. Mei de filtsjesaksje lit se sjen dat dat ek grif jildt foar de hoareka en kulturele ynstellings.

Mooi dyn aigen taal-filtsjes en -stikkers yn jo hoarekasaak?
It Taalplatfoarm Waadhoeke hat noch folle mear filtsjes en stikkers beskikber foar hoarekasaken en kulturele ynstellingen yn de gemeente. Restaurants, doarpshuzen, sportkantines en oare hoareka- en kulturele gelegenheden kinne dêr in mailtsje foar stjoere nei g.dejong@waadhoeke.nl.

Foto: Joachim de Ruijter

Filtsys om bij de hoareka ‘mooi dyn aigen taal’ te praten

Meartalughydskoördinatòr Gerard de Jong was sondag 25 september in ut kader fan de Europeeske Dei fan de Talen op pâd met filtsys en rútstikkers. Hij boad de filtsys en stikkers an bij twee hoarekabedriven en een kultuerele instelling in Wâdhoeke. Allegaar om de fier talen fan Wâdhoeke, Nederlâns, Frys, Bildts en Franekers, in ut sontsje te setten. De útdeelaksy is hiermet nyt klaar. Andere saken wurde ok útnoadugd om de filtsys an te fragen.

Nije meartalughydskoördinatòr
Met disse toër deur Wâdhoeke is der nyt allenug andacht foar ônze fier talen, mar su kin ônze nije meartalighydskoördinatòr Gerard de Jong um ok overal us even foarstelle. De bedoëling is dat hij de talen mear sichtbaar maakt en se ferder bringt. Dêrfoar werkt hij samen met ut Taalplatfòrm Wâdhoeke, wêr’t hij sîns disse maand foarsitter fan wurden is.

Op toërnee in Wâdhoeke
Gerard gong met un taske filtsys en stikkers lâns Den Staten-Generaal in St.-Anne, de Teatertsjerke in Wier en De Doelen in Franeker. By Den Staten-Generaal plakten se de rútstikker furtendaliks op de deur. Su late se meteen sien dat alle talen dêr praten wurde magge. “Wij fine ‘t mooi om met taal doende te wezen. Doe’t wij nag de Struverij waren, hadden wij ’n Bildts bôrd an de dyk met ‘Struverij en soa’ d’r op. Dat ‘soa’ betekent fansels ‘zo’, maar dat worde ok wel ’s ferkeerd begrepen! ’t Leverde mooi praat op,” su sei útbaatster Sanne Feenstra.

Bij de Teatertsjerke kregen se ok un taske fan Gerard de Jong. Bestuerslid Simy Sevenster is der wiis met en laat wete se foar de fòlgjende foarstelling op te plakken. Se het der wel un plakje foar. “En mei de filtsjes komt ut ek wol goed; ek yn de Teatertsjerke wurdt wolris un bierke dronken!”

De Doelen in Franeker is de laatste bestemming fan disse útdeelaksy foar de Europese Taledâg. Der gaan hier heel wat filtsys deur. Arjen Sybesma, de kòk fan ut restaurant, nimt de filtsys, en ok de stikkers, graag in ontfangst. “Disse filtsys geve stòf tòt nadinken en praten. En dan fansels prate in de eigen taal. En ônze gasten kinne der ok nòg wat met winne. An su’n aksy doën wij fansels graag met.”

Europese Taledâg
De Europese Taledâg wurdt sîns 2001 alle jaren fierd op 26 september en staat in ut teken fan meartalughyd en taallearen. Wâdhoeke is un meartaluge gemeente; ut Taalplatfòrm Wâdhoeke fynt dat wij dêr groats op wêze magge. Ut platfòrm startte foarug jaar dêrom un kampanje ‘Mooi dyn aigen taal’ om de taal sichtbaarder te maken en de inwoaners fan Wâdhoeke wete te laten dat se nyt te benaud weze mutte om hun eigen taal te praten. Met de filtsysaksy late se sien dat dat ok seker geldt foar de hoareka en kultuerele instellingen.

“Mooi dyn aigen taal”-filtsys en -stikkers in jou hoarekasaak?
Ut Taalplatfòrm Wâdhoeke het nòg feul mear filtsys en stikkers beskikbaar foar hoarekasaken en kultuerele instellingen in de gemeente. Restaurants, dòrpshuzen, spòrtkantines óf andere hoareka- en kultuerele gelegenheden kinne hierfoar Gerard de Jong un mailtsy stuere, op g.dejong@waadhoeke.nl.

Foto: Joachim de Ruijter

Filtsys om bij de horeka ‘mooi dyn aigen taal’ te praten

Meertalighydskoördinator Gerard de Jong waar saterdeg 25 septimber in ’t kader fan de Europese Dâg fan de Talen op paad met filtsys en rútstikkers. Hij boad de filtsys en stikkers an bij twee horekabedriven en ’n kulturele instelling in Waddenhoek. Allegaar om de fier talen fan de gemeente – Bildts, Franekers, Frys en Nederlâns – in ’t sontsy te setten. De útdeellaksy is dermet nag niet klaar: bedriven en instellings kinne de filtsys ok sels anfrage.

Nije meertalighydskoördinator
Met de toer deur Waddenhoek is d’r niet alleen omdinken foor de fier talen, maar ’t waar ok ’n mooie gelegenhyd foor Gerard de Jong om him as meertalighydskoördinator foor te stellen. De bedoeling is dat hij de talen sichtberder maakt en se feerder bringt. Derfoor werkt hij tegaar met Taalplatform Waddenhoek, der’t hij sont deuze maand foorsitter fan worren is.

Op toernee deur Waddenhoek
Gerard gong met ’n tassy filtsys en stikkers del bij Den Staten-Generaal in St.-Anne, de Teatertsjerke in Wier en de Doelen in Franeker. Bij Den Staten-Generaal plakten se de rútstikker drekst op de deur. Soa late se sien dat alle talen der praat worre mâge. “Wij fine ‘t mooi om met taal doende te wezen. Doe’t wij nag de Struverij waren, hadden wij ’n Bildts bôrd an de dyk met ‘Struverij en soa’ d’r op. Dat ‘soa’ betekent fansels ‘zo’, maar dat worde ok wel ’s ferkeerd begrepen! ’t Leverde mooi praat op, ” soa saai útbaatster Sanne Feenstra.

Bij de Teatertsjerke kregen se ok ’n tassy. Bestuurslid Simy Sevenster is d’r wiis met en liet wete de stikkers foor de ankem foorstelling opplakke te sillen. Se het d’r wel ’n plakky foor. “En mei de filtsjes komt it ek wol goed; ek yn de teatertsjerke wurdt wolris in bierke dronken!”

De Doelen yn Frjentsjer waar de leste bestimming fan de útdeelaksy foor Europese Taledâg. Der gaan heel wat filtsys deurhine. Arjen Sybesma, de kok fan ‘t restaurant, nam de filtsjes, en ok de stikkers, graag in ontfangst. “Disse filtsys geve stòf tòt nadinken en praten. En dan fansels prate in de eigen taal. En ônze gasten kinne der ok nòg wat met winne. An su’n aksy doën wij fansels graag met.”

Europese Taledâg
De Europese Dag van de Talen wort sont 2001 elk jaar fierd op 26 septimber en staat in ’t teken fan meertalighyd en ’t leren fan taal. Waddenhoek is ’n meertalige gemeente; ’t Taalplatform Waadhoeke fynt dat wij der groats op weze mâge. ’t Platform begon ferleden jaar derom met de kampânje ‘Mooi dyn aigen taal’ om de taal sichtberder te maken en de inweuners fan Waddenhoek wete te laten dat se niet benaud weze motte om hur aigen taal te praten. Met de filtsys-aksy late se sien dat dat seker ok geldt foor de horeka en kulturele instellings.

Filtsys en stikkers in jou horekasaak?
Taalplatform Waadhoeke het nag feul meer filtsys en stikkers beskikber foor horekasaken en kulturele instellings in de gemeente. Restaurants, dorpshúzzen, sportkantines en ândere horeka- en kulturele gelegenheden kinne hierfoor Gerard de Jong ’n mailtsy sture op g.dejong@waadhoeke.nl.

Foto: Joachim de Ruijter

septimber 28, 2021 07:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.