Ferlet fan ynsprekkers

septimber 16, 2021 11:19

boarne: pixabay.com

Fan 20 oant en mei 26 septimber organisearret de provinsje Fryslân in ynsprekwike foar Mozilla Common Voice, mei as doel om safolle mooglik oeren sprutsen fragminten yn it Frysk beskikber te krijen.

Apps op de telefoan binne hieltyd faker oan te stjoeren mei spraak. Dat kin faak yn it Ingelsk of Nederlânsk, mar noch net yn it Frysk. De provinsje Fryslân stimulearret de ûntwikkeling fan Fryske spraaktechnology mei it projekt Mozilla Common Voice. Om de database dêrfan mei sprutsen Frysk te foljen is de stipe fan hûnderten Friezen nedich. It earste doel is om oan trijehûndert oeren ynsprutsen tekst te kommen.

Mozilla Common Voice
Mozilla Common Voice is in iepensourceplatfoarm dat rjochte is op it sammeljen fan spraakmateriaal foar ferskillende talen om dêr spraaktechnology mei te ûntwikkeljen. Spraaktechnology wurdt ynset om masinen te learen hoe’t minsken yn ferskillende talen prate en om masinen sels spraak produsearje te litten. Tink oan Siri, Google Home ensafh. Dy technology wurdt de kommende jierren hieltyd wichtiger.

It moaie oan dit projekt is dat elkenien fan 18 jier ôf meidwaan kin. It leverjen fan in bydrage kin maklik fia in mobile telefoan of tablet mei ynternetferbining. De yn te sprekken teksten besteane út deistige wurden en sinnen. Om’t it dielnimmen sa leechdrompelich is, wolle wy safolle mooglik Friezen útnûgje om mei te dwaan. Sa wurkje wy allegear gear oan de Fryske spraaktechnology en dêrmei oan ús eigen digitale takomst.

De aksje om in Fryske database yn Mozilla Common Voice te foljen is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. Gearwurkingspartners binne: Mozilla, Afûk, Fers, Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle, Omrop Fryslân, Tresoar, RUG Campus Fryslân.

Fryske ynsprekwike
Om de database te foljen, is de stipe fan hûnderten Friezen nedich. Yn de wike fan 20 oant en mei 26 septimber wurdt dêrom de Fryske ynsprekwike organisearre. Under mear troch Omrop Fryslân wurdt der in soad omtinken oan taaltechnology en it ynsprekken jûn. Alle dagen wurdt in Google Home miny weijûn.

Hoe meidwaan?

  1. Gean op telefoan, tablet of kompjûter nei: voice.mozilla.frl (wurket mei Mozilla Firefox, Microsoft Edge en Google Chrome, op in iPhone/iPad allinnich mei Safari).
  2. Klik op de mikrofoan ûnder de tekst ‘Sprekke. Donearje jo stim.’
  3. Sprek de sinnen yn. (Foar it ynstjoeren kinne se eventueel weromharke wurde.)
    Klik op de knop ‘Yntsjinje’.
  4. Wa’t leaver net sels ynsprekt, kint ek ynsprutsen fragminten fan oaren tsjekke. Klik yn dat gefal op de griene ôfspylknop ûnder de tekst ‘Harkje. Help ús stimmen te falidearjen’.

Elkenien kint fansels safolle sinnen ynsprekke of tsjekke as er sels wol!

Tûke trúks

  • Praat gewoan. De útsprutsen sinnen moatte represintatyf wêze foar it ferskaat oan útspraken dy’t wy yn ’e provinsje hawwe, tink oan Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk, lykas âldere en jongere, manljus- en frouljusstimmen.
  • Der is gjin aparte mikrofoan nedich. De ynboude mikrofoan fan de telefoan, tablet of kompjûter is goed genôch. It hoecht net folslein stil te wêzen om opnimme te kinnen.
  • De betingsten fan Mozilla binne dat de ynsprekker op syn minst 18 jier is.
  • In akkount oanmeitsje kin, mar dat hoecht net perfoarst.

Sjoch ek de taheakke Flyer_Common_Voice

septimber 16, 2021 11:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.