Fergiftige fulkaanwolk La Palma driuwt rjochting Nederlân

septimber 25, 2021 09:43

Troch de fulkaanútbarsting op it Spaanske eilân La Palma driuwt in wolk mei in ferhege konsintraasje fergiftich sweveldiokside nei it noardwesten fan Europa. Yn ’e nacht fan sneon op snein berikt de wolk Nederlân.

Foto: pixabay.com

Neffens it RIVM is der op it stuit gjin reden om te ferûnderstellen dat risiko’s foar de folkssûnens har oppenearje, mar it ynstitút hâldt de luchtkwaliteit wol ekstra yn ’e gaten. Dêr wurdt gebrûk by makke fan mjitgegevens fan it luchtmjitnet, dat op likernôch fyftich plakken yn Nederlân mjit oft der fersmoargjende stoffen yn ’e lucht sitte. “Wy folgje de mjittingen sekuer, foaral foar sweveldiokside”, seit it RIVM. De mjittingen binne te sjen op de webside fan it luchtmjitnet.

Twa lavastreamen
De fulkaan op it Kanarysk eilân barste snein út. Dy erupsje hat twa lavastreamen feroarsake dy’t oer it eilân nei de see streame en hûnderten huzen en in skoalle opslokt hawwe. Tûzenen eilanners en tsientallen toeristen moasten evakuearre wurde. Ien fan de lavastreamen is ûnderwilens stil komme te stean. De twadde beweecht noch tige stadich en is oan de foarkant ûnderwilens 500 meter breed. As de lava de see berikt, kin dat ta eksploazjes en it frijkommen fan fergiftige dampen liede.

De ekploazjes by de fulkaan sels binne juster wer slimmer wurden en de brânwacht hat him tebeklûke moatten. Der binne nochris trije doarpen evakuearre fanwege in nije útbarsting. Loftfeartmaatskippij Iberia en de lokale maatskippij Binter hawwe om de grutte jiskewolk út de fulkaan foar de rest fan de dei alle flechten skrast .

septimber 25, 2021 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.